Weppers woansdei 5-6-2019

Weppers moandei 3-6-2019
3 juni 2019
Teamyndielingen jeugd en Vr.1 2019-2020
8 juni 2019

SDS JO11-1 no offisjeel kampioen

Yn ús eagen wie SDS JO11-1 al kampioen, mar nei sneon is it offisjeel. LSC JO11-2 moast mei 22-0 winne fan IJVC/Blauwhuis JO11-2 om SDS noch foarby te gean, mar die dat mar mei 6-2.
SDS JO11-1 nochris fan herte lokwinske!
Kommende sneon sil SDS JO11-1 noch meidwaan oan in toernoai by sc Bolsward.


De blommen en patat hawwe se al hân, mar no is it offisjeel!

Seleksjes

Yn België hat de bûnskoach fan de Under 21 syn seleksje bekend makke troch der South-Park-popkes fan te meitsjen.

De TD fan SDS, Jaap Toering, liket it ek wol wat om de A- en B-seleksje fan folgend seizoen sa bekend te meitsjen.
Wy hawwe noch wol in pear South-Park-SDS’ers lizzen (sjoch hjir).
Jim binne frij om ús in pear nije spilers te stjoeren!
Hjir kinne jim jim kreativiteit de frije loop gean litte; http://www.sp-studio.de 

Bekersukses foar Tjitske


Tjitske Heeres, jierrenlang de poduktive spits fan SDS VR1, fuotballet no bij Knickerbocksters VR1 yn Grins.  Dit wykein wûn dy klup mei Tjitske de noardlike KNVB beker.

Neikompetysje op snein

Ek op snein is der in neikompetysje. Buorklup Oosterlittens docht ek mei omdat sij in perioade hellen yn de 4de klasse. Snein wûnen se mei 5-1 fan in klup út Grins en no is der noch ien wedstriid te gean om tredde klasser te wurden. vv Boornbergum is yn dy lêste wedstriid de tsjinstanner. Kommende snein om 14.00 oere yn Wurdum kin Oosterlittens wer tredde klasser wurde.

Neikompetysje op sneon

Om te sjen wa ’t der folgend seizoen by SDS 1 yn de 3e-Klasse fuotballet is der in ynteressante finale yn Koudum. Hjir spylje de 4e-Klassers QVC en Makkum om 14.30 oere om in plakje yn de 3e-Klasse.
Je kinne ek op de fyts nei Skearnegoutum:

Ut de âlde doaze


Gjin idee wannear dit wie, mar it is wol in moaie foto fan SDS 3, dat kampioen wurden is. Mei steand Remco, Jan, Neno, Ruurd, Sipke, Edgar, Dennis en op hurken Harm, Bert, Friso, Hans en Lieuwe Jan.

Nije sjurts

Wy hawwe net safolle mei de nije sjurts fan Juventus en Barcelona. Us favorite stikjesskriuwer, Sjoerd Mossou, hat it oer tédoeken. Dêr kinne wy ús wol yn fine (klik hjir).

Harsens derby(2138)

Ho………………..