No ’t de lêste kompetysjewedstriden sa goed as west binne kinne wy de Ein-Treffer oftewol de Weromsjen-Treffer meitsje. Wy hawwe jim help der wol by nedich. Fan elk team wolle wy graach wer in koart seizoensferslach hawwe. Mail jim ferslach nei DeTreffer@vv-sds.nl! It leafst foar tongersdei 6 juny!
It frouljusfuotbal-WK komt der oan en dat sil in soad famkes en froulju fêst enthousiast meitsje om ek te fuotbaljen. By SDS binne se fan herte wolkom! Klik hjir om ek lid te wurden.
De neikompetysjes binne yn folle gong en it is de muoite wurdich om efkes by in wedstrydsje te sjen. Guon SDS’ers seagen sneon sa Oudehaske wat flatteard winnen fan WPB, Scharnegoutum nei ferlenging fan CVVO en Workum ferliezen fan Kollum. Sneon spilet Scharnegoutum yn de twadde ronde thús tsjin Rijperkerk. Remco Bervoets is trainer by Scharnegoutum en âld-SDS-trainer Hylke Schrale wurdt folgend seizoen trainer by Rijperkerk. De wedstriid begjint om 14.30 oere.
De oare wedstriid yn dizze neikompetysje is Leovardia – Kollum. De winners spylje in wike letter yn de finale tsjinelkoar op neutraal terrein.
No is de Dronrypster Merke en oer twa wiken is it wer feest yn Dronryp, want dan is de Midsimmercup. In ploegje mannen fan SDS sil der oan meidwaan. Spitich genôch is it net slagge om genôch froulju byinoar te krijen om der ek in frouljusteam fan SDS hinne te krijen. Hooplik folgend jier!
De foarlopige teamyndielingen fan de jeugd litte dochs noch efkes op harren wachtsje. Hooplik hawwe wy se freed!
De spyldagenkalinder foar folgend seizoen kinne jim hjir fine. Dan kinne jim no alfêst mei de frou planne wannear as je mei har nei de stêd kinne.
Ho…………
This keeper was having none of it 🤣😳
(🎥 Tekkers) #SundayLeague pic.twitter.com/AhfTrKwzmj— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 3 juni 2019
Letter mear!