Weppers woansdei 5-12-2018

Weppers moandei 3-12-2018
3 december 2018
SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt foar 3e kear de wykpriis!
5 december 2018

Tuskenstanden

It is noch in inkele wedstriid foar de winterstop. De standen fan de SDS team kinne jim hjir sjen.

Sinterklaas by SDS 1

Moarntejûn komt Sinterklaas noch efkes by SDS 1 del yn de kantine. Wy binne benijd wat de mannen op harren ferlanglistsjes stean hienen. Douwe wat ekstra punten? Matthijs in nije tomme? Jaap in operaasje? Erik in skoanmem? Hendrik goal 102, 103 en 104? Habtamu in appel? Floris in nije woskfrou? Gerwin en Yward in keamer yn Grins? Frank in basisplak? Wy binne benijd!

2003-2004


At SDS 1 yn de tredde klasse spilet is dat meast yn 3A. Mar yn 2003/2004 wie dat 3B en dat levere reiskes op nei Bûtenpost, Rottevalle, Dokkum , Ie en Eanjum. Mar ek noch wat mear. Sjoch hjir it seizoen 2003-2004 yn wurd en byld.

Look-a-likes

Hjir wer ris wat hiele oare look-a-likes as de SDS-Look-a-likes. Hjir 15 froulju dy ’t as twa druppels op bekende fuotballers lykje. De muoite wurdich. Sjoch hjir.

De nije SDS-League

‘Het heerlijk avondje is gekomen!’ Jûn om 18.58 oere komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. It sil dochs net sa wêze dat ‘Jan TOTO’ wer de wykpriis pakt wol?

Harsens derby (2081)

Wa is dit? Waffen Faber?

Letter miskien wol mear!