SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt foar 3e kear de wykpriis!

Weppers woansdei 5-12-2018
5 december 2018
Weppers freed 7-12-2018
7 december 2018

It is dizze wike op ‘e nij ‘Jan TOTO’ Bruinsma dy ’t de wykpriis pakt. Hy docht dat no al foar de tredde kear dit seizoen. Syn wykein koe sawisa al net mear stikken, want by it snoekfiskjen yn Easterein pakte hy ek al in priis foar de measte snoeken.
Hy komt hjirmei ek krekt de top 10 binnen. Hy stiet no op nûmer 8.

‘Henkie Cola’ fan Matthijs Postma hat noch altiten gjin wykpriis, mar stiet noch wol noflik boppe-oan. ‘FC FRickandel’ fan Rick Hendriks komt al wat tichterby, mar it ferskil is noch altiten 4 punten.

De iene ‘Henkie Cola’ is de oare blykber net. Sa stiet ‘Henkie Cola’ fan Matthuis Postma boppe-oan en ‘Henkie Cola’ fan Henk Postma ien nei lêst. Henk Postma pakte dizze wike sels mar 2 punten. En dan pakte Jörgensen ek noch 8 punten foar him. Oars wie hy yn de min bedarre. Henk miste dit wykein noch alris in pear spilers lykas Ziyech(AJA), El Khayati(ADO), Bel Hassani(AZ, noch net in wedstriid spile), Matavz(VIT), Bulthuis(HEE) en Droste(HER).
Dêrneist wie Unnerstal(VVV) net hiel gelokkich mei min 8 punten.

Annejan Hallema hat mei ‘FC Altijd Laatst’ de reade lantearn en 10 punten efterstân op ‘Henkie Cola’.

Tongersdei is de ynhelwedstriid Feyenoord – VVV. Dizze punten wurde opteld by it kommend wykein.

 

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 10 goed