Weppers moandei 3-12-2018

Sneon 1 desimber
30 november 2018
Weppers woansdei 5-12-2018
5 december 2018

Pupillen fan de wike

Ofrûne sneon wienen Jarno van der Weij en Niek de Haan pupillen fan de wike by SDS 1 – Willemsoord 1. Sy gienen mei harren favoriten op de foto:

Pier en Klaske Faber 55 jier troud!

Ofrûne sneon siet Pier Faber net yn it kassahokje by SDS 1 – Willemsoord 1, want hy wie it wykein mei de familie op paad. Pier en syn frou Klaske wienen namelijk 55 jier troud. Noch fan herte lokwinske!

Kampioensstriid

Sneon is der yn Easterein in wiere kampioensstriid. Om 10.40 oer spilet de ST. SDS/Nijland JO15-2 thús tsjin Minnertsga JO15-1. SDS/Nijland is koprinner en Minnertsga stiet twadde. Sneon is de lêste wedstriid fan de kompetysje. SDS stiet 2 punten foar en hat dus oan in lykspul genôch. Minnertsga moat winne om kampioen te wurden.

Pechfûgels

SDS/Nijland JO15-2 stiet dan wol boppe-oan, mar foar de rest hawwe sy net in hiel gelokkich seizoen. Yn it begjin fan it seizoen koe Jelmer Dijkstra net fuotbalje om ’t hy de foet yn it gips hie en doe ’t it seizoen krekt begûn wie rekke Jasper Abma mei syn earm yn it gips. Yn oktober kaam dêr Pieter Wijnia by dy ’t syn pink yn it gips moast nei in stoeipartijtsje mei syn broer. Ofrûne sneon kaam der noch in spiler by. Keeper Lennert Schraa rekke yn de warming-up blesseard oan de pols en moast mei syn pols yn it gips.

Tige by tige!

Wat hawwe wy sneon in alderaardichste middei/jûn hân mei Sipke de Boer, Willemsoord, ús bartigers Wilma, Karin, Ype en Christiaan en jim. Allegear tige by tige! No al nocht yn it folgende feessie!

NOK 1 – SDS 1

SDS 1 spilet sneon út tsjin NOK, oftewol NOK-out. NOK is de klup fan fuotbalikoan Loet (stoom)Boot.

Ut in âld boek


Yn oktober 2003 wie SDS koprinner yn de tredde klasse B en moast wike op wike twa kear tsjin Buitenpost (no haadklasser) . Earst foar de beker en doe foar de kompetysje.

De nije SDS-League

Woansdei op Sinterklaasjûn om 18.58 oere komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. It sil dochs net sa wêze dat ‘Jan TOTO’ wer de wykpriis pakt wol?

Harsens derby (2080)

Krekt te gau yndraafd………