Weppers woansdei 4-6

Doch ek mei oan de SDS EK-League
3 juni 2008
Weppers freed 6-6
5 juni 2008

SDS EK-League
Wat opfalt oan de dielnimmers oan ’t no ta oan de SDS-EK-League is dat der noch mar 4 minsken út Easterein meidogge. Wy hoopje dat dit gau feroaret(klik
hjir).
De Eastereinders meie harren SDS-EK-League ek ynleverje by:
Douwe Dirk Reitsma
Smidslân 11
8734 HJ Easterein.

De piip oan Marten
Nei jierren yn de Trefferredaksje sitten te hawwen jout Aant de piip oan Marten. Lokkich genôch bliuwt hy wol as wepmaster. Wa ’t noch iets aardichs wit of skriuwe wol oer Aant of in eigenaardige foto hat mei dit wol maile nei info@vv-sds.nl.

Jeu de Pelote
Justerjûn hat Easterein it peloten wûn fan Mantgum mei 8-7. In lytse domper foar Skelte Anema dy ’t wol graach winne woe fan syn SDS-maten(klik hjir).


Wer fit?
Op sneon 19 april rekke Feite de Haan yn de wedstryd mei SDS 2 tsjin CVVO 2 slim blesseard oan syn ankel. De ferwachting wie dat Feite de hiele simmer net folle dwaan kinne soe. Nei in pear wiken yn it gips sitten te hawwen, knapt Feite no hurd op. Feite is alwer drok oan it drafen en as hy it fertrout dan docht hy sneon gewoan wer mei by SDS-futsal 1 yn de Midsimmercup.

WK
Wa ’t nocht hat kin tongersdeitejûn wol efkes fuotbalje yn Wommels. Om 20.00 wurdt der fuotballe op it sportfjild(foarhinne fuotbalfjild). Mocht hjir gjin romte wêze dan wurdt der útweken nei it fuotbalfjild foar de Jimbar(foarhinne De Terp).

Skiedsrjochters socht
SDS kin noch wol inkelde skiedsrjochters brûke. Foar dizze nije skiedsrjochters sil de KNVB in skiedsrjochterskursus organiseare. Dizze kursus sil hâlden wurde yn Makkum. Wa ’t hjir belangstelling foar hat moat dit efkes lêze(klik hjir).
Je kinne je opjaan by André Vink
De kosten sille troch SDS fergoeden wurde.

Spyldagenkalinder
Hy wie al efkes út mar hjir kinne jim alfêst de spyldagenkalinder fan de KNVB foar folgend seizoen besjen.

Antwurden
Sjoch
hjir foar de antwurden fan de VI-kwis fan foarige wike oer de man yn it swart, grien, giel, oranje of mei geitewollensokken oan.

Holland is OK
Sûnt fan ‘e wike hawwe wy Spaan en Vermeegen herontdekt. Yn de jierren 80 en 90 makken sy geweldige programma’s as Pisa, Verona en Die 2. Hjir in klassiker:



Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!