Weppers freed 6-6

Weppers woansdei 4-6
4 juni 2008
Weppers snein 8-6
8 juni 2008

Midsimmercup
Moarn wurdt der yn Dronryp wer fuotballe om de Midsimmercup. SDS sil der hinne mei de folgende jonges: Jan-Simon, Peter, Anne, Skelte, Tseard en Tseard, Jildert en Willem. Harm(iets mei it wurk), Robert(ljisk) en Feite(moat dochs noch mar net) dogge net mei.

Programma Midsimmercup
SDS spilet op de folgende tiden moarn:
13.00 SDS – DTD
14.15 Veenwouden – SDS
15.45 NOK – SDS
16.30 Warga – SDS
It toernoai begjint om 13.00 en de finales begjinne fanôf 17.00 mei úteinlik de finale om 19.00.

SDS EK-League
Jim hawwe noch oan ’t moarn 18.00 om de SDS EK-League yn te leverjen. It wurdt dus heech tiid om him yn te leverjen. Ynmiddels hawwe ek al in stik op 9 Eastereiners harren foarsizzing ynlever. Om mei te dwaan klik dan 
hjir.
Je meie de SDS-EK-League ek ynleverje by:
Douwe Dirk
Reitsma
Smidslân 11
8734 HJ Easterein.

WK
Justerjûn waard der wer fuotballe op it sportfjild fan Wommels. Der kamen 11 man op ôf. Moai 5 tsjin 5 mei 1 wiksel. De oerwinning gie úteinlik nei de âldsjes(sûnder wiksel!): Ate, Henk, Hendrik, Henkie en Willem.

Quote(1)
Opfallend oan it sportfjild yn Wommels juster wie it noch altiten tige drûge fjild en it minne en fiersten te hege gêrs. “Dit is helmgêrs“, waard der sein. “Wat is dat eins?”Dat is gêrs wat op je helm groeit………………”

Quote(2)
As je sa hearlik oan it fuotbaljen binne dan wurdt der wolris wat sein wêr ’t je je miskien letter oer ferbaze. Erik Haitsma siet juster hearlik yn syn fel en rôp: “soms is fuotbaljen lekkerder as n…..” En dat wylst hy ferlear…..

Jimbar
Moandeitejûn kinne je op meardere plakken terjochte foar it fuotbaljen. It kafé yn Easterein hat b.f. in megaskerm. Je kinne ek yn de Jimbar te plak. Dêr sjogge je yn elts gefal goals. Bûten op it boerd stiet de útslach al: Nederlân – Italië 4-0.

Gearkomst
SDS 1 hat tongersdei in gearkomst yn de Jimbar. De nije trainer, Dicky Schuurmans silo dêr útlis jaan oer de tarieding op it nije seizoen.

Holland is OK
Hjir wer in klassiker út Die 2 fan Spaan en Vermeegen:



Letter mear!