Weppers woansdei 4-11

Weppers tiisdei 3-11
2 november 2015
SDS League: Durk op dreef!
4 november 2015

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn fuotbalje de sealfuotballers fan SDS 1 thús om 20.30 oere tsjin NTW 2. Roel Sijbesma sil it skoreboerd betsjinje.

Tongersdeitejûn trainingsjûn en ……..
Moarntejûn hat net Hendrik Engbrenghof bartsjinst yn de kantine, mar Allert Turksma en Pieter Wesselius. Sy hawwe fêst al in muzyklistje makke op de kompjoeter en wy kinne ek noch genietsje fan Europa-League-fuotbal! It kin dus wolris let wurde! 

Weromsjen
Sneon spilet SDS 1 de degradassjekreaker tsjin Delfstrahuizen 1. Ut it archyf fan VoetbalNoord helje wij de
dizze gegevens.

Flagje
Sjoerd van Beem sil sneon namens SDS de skiedsrjochter assistere by de degradaasjekraker Delfstrahuizen 1 – SDS 1.

SDS 2
It is definityf! Ljouwerter Sweltsjes 3 is út de kompetysje fan SDS 2 stapt.
In neidiel; SDS is kommende sneon frij.
In foardiel; SDS rint 3 punten yn op de nûmers 1 en 2, Leovardia 2 en sc Berlikum 2.
Noch in foardiel; It is ûnmooglik om noch út dizze Klasse te degradearjen.

Perioadekampioen
Ek âld trainer fan SDS Marcel Frankena, kin wer in perioade titel bijskriuwe op syn CV. Mei Warga yn de 4de klasse sneins.

Ut de âlde Treffer
Ek hjoeddedei binne der aksjes fan leden om wat ekstra jild te krijen foar de klup. Wij tinke dêrbij oan drop of de Poiesz munten.
Yn 1979 wie der in wol hiel bijsûndere aksje sjogge wij yn de Treffer fan dat jier. Miskien dat immen dêr noch wat oer fertelle kin. Hoe’t soks gie en foaral wat it oplevere hat.
Sjoch
hjir.

Alderaardichst
Heerenveen-Cambuur gefixed? Voor een scherpe prijs..
Dit wie snein te sjen by sc Heerenveen – sc Cambuur. It hat net folle koste, mar it wie de muoite wurdich……

Harsens derby (1619)
De froulju fan SDS 1 hawwe sneon om 14.00 oere de topper út tsjin QVC 1. Wy hoopje op in knappe frije traap fan ien fan de SDS’ters lykas dizze!