SDS League: Durk op dreef!

Weppers woansdei 4-11
4 november 2015
Seleksjes sneon 7-11
6 november 2015

Durk Okkema pakt dizze wike alwer syn twadde wykpriis! Sûn ’t hy syn taken dellein hat as Technysk Direkteur fan SDS hat hy by “FC DWOpke” aardich de wyn der ûnder. As it sa trochgiet dan witte wy wol wa ’t nei it winterskoft Foppe de Haan opfolget.


Durk is wiis mei syn twadde wykpriis!

Eeltje Postma komt krekt 4 punten te koart foar de wykpriis, mar giet wol fan 8 nei 2 mei “Maak er maar 3 kratjes van Gertje Wommels”. “Double or Nothing, Eeltje Postma” fan Gert-Jan Hessels wit hjir net folle tsjoer te setten mei syn 49e plak.

Arjan Hallema pakt mei 7 punten wol in hiel bytsje punten en stiet dan ek op nûmer lêst, want it gie de ôfrûne wiken al net hiel goed mei “”Hallema”. It sil dochs net sa wêze dat syn spilers eltse freed in brulloft hawwe? (klik
hjir).

Sjoch hjir foar de nijste stân: 
wike 6.