Weppers tiisdei 3-11

Weppers snein 1-11
31 oktober 2015
Weppers woansdei 4-11
4 november 2015

Standen
De standen fan alle SDS teams kinne jim
hjir wer sjen. Ek dy fan it sealteam. En wij begripe no wol dat it dit jier wat stil is…

11
Ungekend spannend is op de
topskoarderslist. Mar leafst trije koprinners.

C1
Op tiisdei sille se der dan allegeare wol wêze, mar op tongersdei sille der wol in soad ofsizzingen weze. Werom sille jim tinke, no dat witte de jongens sels wol !!!!
Dizze tekst stie yn it ferslach fan SDS C1 fan lieder/trainer Theo Postma. Dat makket nijsgjirrich. Wêrom soene se ôfsizze op tongersdei?
It antwurd sit yn in útdaging dy’t de trainers en spilers oangien wiene sneon. At sij mei dûbele sifers winne soene sneon, soene de trainers trakteare yn de kantine.
Minder as 10 betsjut ek trakteare, mar dan op “hurde skotten”. Op tongersdei. Theo en Ferry sille se ûnder skot nimme at se allegear yn it doel stean. Dat se ôfsizze, is miskien wol te begripen want hurder sjitte as Ferry Korbach is hast net mooglik (of net Tjerk?). De einstân wie sneon 8-3.

SDS 2
SDS 2 stiet kreas op in 3e plak en mei sneon thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen 3. De geruchten binne allinnich sterk dat Leeuwarder Zwaluwen 3 út de kompetysje stapt is. De wedstryd stiet noch altiten op Voetbal.nl, dus wy geane der noch fanút dat it gewoan troch giet, mar dit stie ferline wike op Facebook;

Lokwinske!
Âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld hat mei sc Franeker 1 sneons de 1e Perioade pakt. Fan herte lokwinske!

Alderaardichst


SDS League
Tongersdeitejûn leit yn de kantine wer de nijste stân fan de SDS League. Soe Dooitze Nauta de wykpriis pakt hawwe? Hy hat der alfêst ien op kocht yn elts gefal……..


Harsens derby (1618)
Toet, toet, toet! 3x is bingo!