Al dy wedstriden fan SDS teams leverje ek in plakje op de ranglist. Hoe’t de teams der foar stean kinne jim hjir sjen
Meastal op woansdei spilet it sealteam fan SDS. It giet noch net geweldich mei de resultaten mar miskien is de jûn in begjin fan in feroaring at se spylje tsjin Futsal Heerenveen 4. It begjint yn it Fryske Haachje om 19.30 oere
Neffens it oersicht fan de KNVB spilet SDS MO 13-1 jûn tsjin Mulier MO13-1. Om 18.30 oere.
De thúswedstriden fan Workum 1 begjinne dit seizoen ek wer om 15.00 oere. SDS 1 moat sneon nei Warkum.
De nije Treffer leit by ús haadstiper en drukker Van der Eems. Nije wike komt der út!
Robin van der Weg fan de JO19-1 krige sneon in reade kaart tsjin Makkum JO19-1 nei it ûnderútheljen fan in trochbrutsen tsjinstanner. De KNVB hat him foar ien wedstriid skorst.
Jûn om 19.02 oere kinne jim hjir de nijste stân besjen fan de SDS-League!
De soan op de goal mar ris efkes filmje. Komt fêst in knappe redding.
Proud Dad is recording his Son in goal attempting to save a free-kick..
Watch til the end 👀😂
(🎥 @joshwhelan97) #SundayLeague pic.twitter.com/xKvb0bcvbx
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 30 oktober 2018