SDS-League: ‘Happy Feet’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 31-10-2018
31 oktober 2018
Weppers freed 2-11-2018
2 november 2018

It is dizze wike ‘Happy Feet’ fan Habtamu en Emke de Hoop dy ’t de wykpriis pakt. Sy hienen 58 punten en dat wie krekt twa mear as Arjan Hallema mei ‘FC Hallema’.

‘FC FRickandel’ fan Rick Hendriks, mar it ferskil mei nûmer 2, ‘Better Call Thorsby’ fan Pieter Wesslius is noch mar 2 punten. ‘Hakuna Matata**’ fan Hendrik de Jong stiet op 10 punten en ‘Postmeister’ fan Jelmer Posthumus stiet op 12 punten.

‘FC FRickandel’ en ‘Postmeister’ hawwe mar leafst 8 spilers itselde.

Jaap Toering syn prestaasjes mei ‘Torpedo Toering***’ binne net om nei hûs ta te skriuwen. Hy pakt dit wykein b.f. mar 18 punten en sakket fan it 40e nei it 55e plak. Sjoerd van Beem rekkent him dan ek al ryk mei ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’. Hy stie 41e, mar pakt mar leafst 52 punten en stiet no 31e. Neffens Sjoerd kin Jaap dat kratsje bier wol fêst bestelle…..

De reade lantearn bliuwt yn hannen fan Pytrik en Marit Kuperus mei ‘P(r)ima’. It ferskil mei de nûmer ien nei lêst, ‘Hoekie Boys’ fan Marc Hoekstra, is noch altiten 21 punten.

 

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 6