Weppers moandei 29-10-2018

Sneon 27-10-2018
26 oktober 2018
Weppers woansdei 31-10-2018
31 oktober 2018

SDS-ledengearkomst

Hâlde jim woansdei 21 novimber frij? Jûns fanôf 20.00 oere is dan de jierlijkse SDS-ledengearkomst mei dit kear wat in oar programma as oars. Ynkoarten mear der oer. Der is dy jûns gjin Champions-League-fuotbal, dus dêr hoefe je net om thús te bliuwen. Dêrneist hat Auke-Jetze de kofje brún en hat hy fêst ek wat lekkers by de kofje. Kom allegear!

SDS 1 – Scharnegoutum 1

Sneon koenen jim hjir in wedstriidferslach lêze fan SDS 1 – Scharnegoutum 1. Ek op de webside fan vv Scharnegoutum stiet in útgebreid ferslach oer de wedstriid fan foarsitter Klaas Sinnema. Jim kinne it hjir lêze.

Utferkocht?

Yn jierren wienen der by SDS 1 net safolle taskôgers as ôfrûne sneon. De programmaboekjes wienen op ien nei útferkocht en it wie dan ek bomfol yn de rêst yn de kantine en nei de tiid.

Bult

De wedstriid tusken SDS 1 en Scharnegoutum 1 wie ofrûne sneon by tiden aardich stevich, mar wol fair. Wiebe Heeres krige noch wol in dikke bult op de holle nei in ûngelokkige traap fan Wytze Lanting op syn holle.

Hendrik 100!

Foar de wedstriid fan SDS 1 tsjin Scharnegoutum 1 sneon waard Hendrik de Jong noch efkes yn de blommen setten en hy krige in moai kanvasdoek foar boppe it bêd. Hendrik makke der al in prachtige eksposysje fan:

In minút stil en roubannen om

Foar de wedstriid fan SDS 1 – Scharnegoutum 1 waard in minút stilte hâlden om noch efkes stil te stean by it ferstjêrren fan Akke van der Kamp de frou fan de trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp. SDS spile yn en tsjin Makkum mei roubannen om en ek dêr waard in minút stilte hâlden.

Halbe-Willem Overal

By SDS JO17-2 foel Halbe-Willem Overal sneon ûngelokkich. Hy rekke yn it sikenhûs en dêr waard fêststeld dat hy in flinke harsensskudding hie en yn syn skouder sieten meardere skuorkes. Hy mocht in nachtje yn it sikenhûs sliepe, mar snein mocht hy gelokkich alwer nei hûs. Wy winskje him in soad betterskip ta!

Sinterklaas by SDS 1

Op tongersdei 6 desimber komt Sinterklaas by SDS 1 yn de kantine. Wy binne benijd wa ’t der mei sil yn de sek nei Spanje.

De nije SDS-League

Der wie ôfrûne wykein wer in soad fuotbaljen yn de Eredivisie dus komt der dizze wike ek wer in nije stân fan de SDS-League. Wy hoopje de nijste stân woansdei klear te hawwen!

Talint

Ferline wike hie ús favorite stikjesskriuwer Sjoerd Mossou de keutel wer ris by it skjinne ein yn it AD. Lês dizze kollum mar ris!

Harsens derby (2067)