SDS 1 ûntfangt kommende sneon Oeverzwaluwen. De ploegen hawwe wolris faker tsjin oerelkoar stien yn Easterein. Sjoch hjir.
Der binne sneon wat bekerwedstriden, in oefenwedstriid en ynhel kompetysjewedstriden. Sjoch bij Wedstriden.
SDS 1 seal soe jûn nei Hearrefean moatte om te fuotbaljen tsjin Futsal Heerenveen, mar dizze wedstryd is in wike ferskood nei woansdei 7 febrewaris.
Tongersdeitejûn wurdt der wer folop traind en is nei de tiid de kantine iepen. Barman Allert Turksma sil jim fan in hapke en in snapke foarsjen. Wêz wolkom!
Foar de folgende Treffer binne wy wer op syk nei SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!
Hjoed is de lêste dei foar fuotbaltransfers yn Europa. As je hjoed frij binne dan kinne je hjoed moai de hiele dei de lêste transfers byhâlde op dizze webside.
Sommige fuotbalfanaten hâlde sels in fleanferkear yn de gaten:
Flightradar24 Geverifieerd account @flightradar24
As je sa ’n goal om de earen krije dan kinne je neat oars as gûlend fan it fjild rinne…………….