Weppers woansdei 30-11

De seal yn
29 november 2016
Lêste thúswedstriid SDS 1 yn 2016
1 december 2016

Doch je Sinterklaasynkeapen by SDS!Afbeeldingsresultaat voor sinterklaas sds

Mocht Sinterklaas noch ferlet hawwe fan SDS-sokken, SDS-sweaters, trainingsbroeken ensfh. skilje dan efkes mei Douwe Reitsma. Hy hat allegear SDS~klean op foarried. Jim kinne skilje mei 332500!

Promoasje-degradaasje

De KNVB hat dan úteinlik de promoasje-degradaasje regeling bekend makke foar dit seizoen. Jim kinne hjir lêze dat er bij SDS 1 wer ien kampioen wurdt, trije ploegen fia neikompetysje stride om in plakje yn de twadde klasse en dat der ûnderoan twa ploegen streekrjocht útgean en dat twa ploegen mei perioadekampioenen yn de slach moatte om degradaasje foar te kommen.

Doelpunten

Mei mar leafst 20 doelpunten stiet sij boppeoan de topskoarderslist fan SDS. Dan witte jim wol oer wa wij it hawwe. Sjoch hjir en at jim it net seker witte….

ST.SDS/Scharnegoutum JO19-1 pakt puntsje

Ôfrûne sneon spile ST. SDS/Scharnegoutum JO19-1 spitich genôch yn de lêste minút lyk tsjin LSC wylst sy mei 1-0 foar stienen. Op de webside fan ús freonen fan vv Scharnegoutum stiet in útgebreid ferslach fan foarsitter Klaas Sinnema oer dizze wedstryd. Jim kinne it hjir lêze.

jesseziyech-2jesseziyech-1‘Ziyech’ west?

Jesse van der Weide hie in weddenskipke ôfslúten mei Ewout de Boer. Mocht sc heerenveen ôfrûne snein winne fan Ajax dan soe Ewout op trainen in sjurtsje fan sc Heerenveen oandwaan. Mocht Ajax winne dan soe Jesse yn in Ajax-sjurtsje op trainen stean.

Fuotbalskuon maat 45 socht

By SDS 2 traint sûnt de simmer de Syriër Basel Hammad út Wommels mei. Sels yn dizze kjeld is hy fan de partij. Syn fuotbalskuon wurde allinnich al hurd minder. Wa hat foar him noch in maatsje 45 stean? Je soenen him der tige bliid mei meitsje. Graach maile nei info@vv-sds.nl.

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
Lês der hjir alles oer en jou dy op!

Skoallefuotbaltoernoai 2017

Foar alfêst yn de aginda; it skoallefuotbaltoernoai fan de Gemeente Littenseradiel is yn 2017 op woansdeitemiddei 17 maaie.

Fakature Sportlink

Sykje je om in nije baan en liket it je wat om iets mei ‘sport’ te dwaan dan is dizze fakature by Sportlink miskien wol wat foar je.

Tip 1

Tip 2

Woansdei 7 desimber joue Arjen de Boer en Henk de Jong in kantinekolleesje yn de kantine fan sporthal de Hege Fonnen yn de Lemmer. Dit nei oanlieding fan it stik fan Tryater De wierheid fan Wylgeragea. De tagong is fergees, mar je moatte je al efkes opjaan. Je kinne der op dizze Facebookside alles oer lêze.

Alde doaze

sds-1-1994

SDS 1 1994

Harsens derby (1799)

SDS 1 kin dizze wike wol efkes op korners oefenje. Koppers hawwe sy dan net nedich.

Mear nijs?