De seal yn

Wol of net op keunstgers bolje?
28 november 2016
Weppers woansdei 30-11
30 november 2016

SDS-sealtoernoaien

Willem Overal hat wer in skema fêststeld mei alle SDS-sealtoernoaien. It sjocht der sa út:

Categorie Evenement Datum Tijd
JO9 (F-)pupillen + Mini League Kersttoernooi 17-12-2016 09:00-12:00
Vrij voor gebruik 20-12-2016 10:00-12:00
JO11 (E-)pupillen Nieuwjaarstoernooi 7-1-2017 09:00-13:00
JO13 (D-)pupillen Nieuwjaarstoernooi 7-1-2017 13:45-17:00
MO13/15(meisjes) Nieuwjaarstoernooi 14-1-2017 09;00-12;00
JO15 (C-) junioren Nieuwjaarstoernooi 21-1-2017 09:00-13;00
Zaaltoernooi voor senioren, zaal, Nieuwjaarstoernooi 28-1-2017 19;00-22;00
JO19 en oud-SDS’ers
JO17 (B-) junioren Nieuwjaarstoernooi 4-2-2017 09:00-12:00

Sealtrainingen jeugd

Op tiisdei 6 desimber geane ek de earste sealtrainingen wer los foar de bern. JO9-3 en de mini’s meie dan as earste los ûnder lieding fan Sietske en Jikke.
Sjoch hjir foar it hiele sealtrainwinterprogramma.

Krystsealtoernoai KNVB

De KNVB organisearet ek krystsealtoernoaien foar de jeugd wêrby de winners yn de Trije yn Frjentsjer om it Frysk kampioenskip stride meie. Foar SDS dogge de JO17-1, JO15 en JO13-1 hjir oan mei. De ferskeidene data kinne je hjir fine.

Krysttoernoai Frjentsjer

Guon SDS’ers en âld-SDS’ers lykas Bote Strikwerda, Feite de Haan, Jacob-Klaas Haitsma, Freek en Jehannes Tichelman, Jaap Toering, Sicco Scheltema, ien fan de wepmasters en fêst noch folle mear dogge dit jier wer mei oan it befaamde Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. De foarrondes binne dit kear op sneon 17 desimber en de lêste foarrondes en finales fansels wer op 2e-Krystdei.

OFK 2017

Der geane ek wat senioaren de seal yn. Sy dogge wer mei oan it jierlijkse OFK.

Lotting OFK  Froulju

De lotting foar it Open Fries Kampioenschap yn Frjentsjer hat plakfûn op freed 18 novimber.
SDS VR sitte yn poule D1 mei:
Emmeloord
Hardegarijp
LAC Frisia 1883
Avanti 1
St Annaparoschie
Heerenveense Boys 2
SDS

Lotting SDS seal (poule H13)

Ek bij de mannen is lotte en hjir is it resultaat te sjen fan alle poules. De lotting fan SDS sjocht er sa út:
DTD seal
WWS
SDS seal
vv Scharnegoutum’70
GAVC fjild
sc Stiens

Lotting SDS fjild (poule H 11)

sf Deinum
SDS fjild
WPB seal
st Annaparochie sneon
Blauw Wit fjild
zvv Krooster Boys