Lêste thúswedstriid SDS 1 yn 2016

Weppers woansdei 30-11
30 november 2016
Weppers tongersdei 1-12
1 december 2016

Healwei

Der binne foar SDS 1 noch twa wedstriden te gean foardat de winterstop begjint. De mannen fan trainers Hoekstra/Hoekstra binnen dan healwei. Kommende sneon de lêste thúswedstriid. Tsjinstanner is SVM Marknesse 1. De stân yn de tredde klasse A sjocht er sa út.

SVM Marknesse

Dizze ploech siet yn it seizoen 2002/2003 en 2014-2015 ek bij SDS 1. Mei in gelykspul yn 2015, in ferliespartij foar SDS yn 2002 wurdt it no tiid foar winst.

Twadde perioade

De twadde perioade is al wer trije wedstriden ûnderweis. Boppeoan stiet  …. SVMMarknesse mei 9 punten. SDS  hat er 6, ek net ûnaardich.

VoetbalNederland

Ek dizze kear hat VoetbalNederland wer in kreas oersicht makke mei allegear gegevens fan beide alvetallen en klups. Sjoch hjir

Bekende namme

Bij SVM Marknesse in “bekende namme”. Bij de seleksje sit de 25 jierrige Pieter Galema en dat is de soan fan Cats Galema (ôfkomstich út Spannum en earder ek fuotballer bij SDS ) en Alie Zijlstra (ôfkomstich út Easterein).

Sponsers fan de wedstriid

sds-mar

 

Kommende sneon binne der ek wer twa wedstriidsponsers. Cateringsservice M. van Kammen en Wheagan Multicarservice út Wommels

 

 

Pupillen fan de wike

Foar algehiele ûndersteuning fan it earste binne der ek wer twa pupillen fan de wike oanwêizch. Dizze kear binne dat Luuk Meijer en Jelle Vellinga.