Weppers woansdei 3-5

Weppers moandei 1-5-2017
1 mei 2017
Weppers tongersdei 4-5-2017
4 mei 2017

Parkere

De dyk nei it sportpark is wat opbrutsen, mar der kin wol gewoan by it sportpark parkeard wurde.

Standen

Fan alle SDS fjild alvetallen kinne jim hjir sjen, hoe’t se der foar steane. It is bijwurke oant en mei it ôfrûne wykein.

SDS 3 – ONS 3

Justerjûn spile op de Skoalleseize de wedstriid SDS 3 – ONS 3, de nû 2 tsjin de nû 9. SDS 3 kaam dúdlik tekoart. Bij it skoft wie it mar 0-1, mar al frij snel nei de tee rûnen de Snitsers (alteast fuotballers fan de klup út Snits, mar se kinne se krekt sa goed earne oars weie helle wêze) út nei 0-2 (hiel matich optreden fan in oantal SDS-ers) en 0-3. Uteinlik waard it 0-7.  Harm Auke wie nei in kertierke al útfallen, grutte fraach is dan fansels: hie it oars oars rûn? Hij hat der sels gjin twivel oer.

SVM1 – SDS 1

Kommende sneon yn Marknesse in wichtich fuotbalpotsje foar SDS. Direkte konkurrint SVM is de tsjinstanner.  Yn it ferline hat SDS 1 in oantal kearen tsjin harren balle. Hoe suksesfol dat wie, kinne jim hjir sjen.

Trainingskamp

SDS 1 hat sneon in wichtige wedstriid út tsjin SVM yn Marknesse. Spesjaal foar dizze wichtige wedstriid gienen sy juster op trainingskamp nei Wommels.

SDS 1 – Heerenveense Boys 1 mei nei de tiid DJ Sjouke

Nije wike sneon spilet SDS 1 syn lêste kompetysjewedstryd fan it seizoen thús om 14.30 oere tsjin Heerenveense Boys 1. Nei de tiid komt Sjouke de Groot âlderwetsk gesellich échte plaatsjes draaien. Sykje je LP’s fêst fan de souder en nim se nije wike mei dan meitsje wy der in âlderwetsk gesellich feestje fan! Jehannes Nauta en Ype Tiemersma hawwe al wat alderaardichste plaatsjes klear lizzen!

Sit ‘ie?

Pieter Sytsma stie sneon noch net in minút yn syn goal of hy krige al in penalty tsjin…….

Hy gie de goeie hoeke yn……….

Of dochs net………….

Echte mannen!

It mei dúdlik wêze dat der by SDS allinnich mar échte mannen fuotbalje! 😉

 

Harsens derby (1882)

Mocht Pieter Sijtsma sneon út by SVM de winnende goal meitsje dan witte wy al hoe ’t hy juiche sil!