Weppers tongersdei 4-5-2017

Weppers woansdei 3-5
3 mei 2017
Weppers freed 5-5-2017
5 mei 2017

Parkere

De dyk nei it sportpark is wat opbrutsen, mar de gemeente hat tasein dat der jûns en yn it wykein gewoan by it sportpark parkeard wurde kin.

Degradaasjeregeling 3e-Klasse A

Wy hawwe efkes ynformeard by de KNVB hoe ’t it sit mei de degradaasjeregeling yn de 3e-Klasse A en mei nammen of it doelsaldo bepalend is.
It betsjut dat it doelsaldo al bepalend is tusken de nûmers 10 (handhaving) en 11 (neikompetysje), mar net tusken de nûmers 12 (neikompetysje) en 13 (degradaasje). Dit is itselde as ferline seizoen.

Traine?

Y.f.m. de deadebetinkst traint SDS 1 jûn fan 19.00 oant 19.50. SDS 2 traint jûn net.

Opmerklik


It ea romrofte Pisa (wê’r’t Wim Kieft ea fuotballe) stiet ûnderyn de serie B yn Coppa Italia. 6 kear wûn, 20 kear gelyk en 13 kear ferlern. Opfallend is lykwols harren oantal tsjindoelpunten. Dat binne der 29 en frjemdgenôch dat binne de minste fan alle klups yn dizze klasse.

Eeltjes frije trapen!

Folgend jier mar in nije rubryk tochten wy sa; ‘Eeltjes frije trapen’. Dit wie dy fan ôfrûne sneon!

Harsens derby (1883)

Foar sa ’n koprol soenen je by gymnastyk in 10 krije, mar dizze jonge krige in penalty, mar waard úteinlik ek noch foar 2 wedstriden skorst y.f.m. in schwalbe.