Weppers moandei 1-5-2017

Sneon 29-2-2017
28 april 2017
Weppers woansdei 3-5
3 mei 2017

SDS 3

Tiisdeitejûn om 19.00 oere spilet SDS 3 ûnder lieding fan skiedsrjochter Enne Jehannes Bruinsma harren thúswedstriid tsjin ONS Boso 3. De folgende spilers wurde om 18.20 oere yn de boks ferwachte:
Marten, Klaas, Ype, Tjeerd, Auke, Ronny, Peter, Robert, Henk, Harm, Jan-Simon, Pieter-Lieuwe, Ids en grinsrjochter Bertus.

SDS seal

Ek de sealtsjes moatte tissdeitejûn yn aksje. Sij meije besykje Workum te ferslaan yn Warkum.

Pupillen fan de wike!

 

Tiemen Groothof gie mei Pieter Sijtsma op de foto en Jesse van Krimpen mei Lourens van der Pol.

Doelpunten

231 doelpunten op eigen krêft skoard door 5 seniorenalvetallen en ferdield oer dizze SDS-ers. Sjoch hjir.

Skorst

Jaap Toering krige sneon ûnterjochte read neffens de measte SDS-supporters, mar hy moast der al út en wachtsje op de skorsing. De KNVB hat hjoed oanjûn dat Jaap foar ien wedstriid skorst is.

Flagje?

By Nijland 2 – SDS 2 wie de reservespiler fan Nijland 2 dy ’t de twadde helte flagje mocht syn flagge fergetten. Dit betsjutte dat coach Henk va Dalfsen it efkes oernimme moast oant de flagge der wer wie. Wat moatte je dan? Dan mar mei in skinebonkbeskermer!

Harsens derby (1881)

Spesjaal foar Jesse van der Weide in machtige no-look assist fan Ronaldinho. Hy is it noch net ferleard!