Weppers woansdei 3-11-2021

SDS-League: ‘Covid-11’ pakt wykpriis en kopposysje!
1 november 2021
Weppers freed 5-11 mei seleksjes
5 november 2021

Seal

De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn nei de Jouwer om tsjin de nûmer 2, Haskerland 2, te baljen. De wedstriid begjint om 20.00 oere.

Frouljusjûn 7 tsjin 7

Op freed 12 novimber wurdt der by SDS in frouljusfuotbaljûn organiseare. De froulju fan SDS Vr.1 sille dan ûnderling in 7-tsjin7-toernoai dwaan tegeare mei de froulju fan Vr.3 en oare froulju dy ’t dit ek leuk liket. It idee is om yn elts gefal mei 4 teams in toernoaitsje te dwaan en nei de tiid efkes noflik te sitten.

Toppers

By de senioaren misten der ôfrûne sneon hiel wat keepers. Mark Klijnsma (skouder), Stijn Schildkamp(skouder), Peter Stuiver(wykein fuort) en Marten Faber(wurkje) koenen allegear net keepe wêrtroch SDS 2 en 3 wat oansieten. Us komplimenten geane dan ek nei de fuotballers dy’t úteinlik al keept hawwe. Sawol Kevin Den Haan (by SDS 2) en Yward Zijlstra (by SDS 3) wienen sa goed om de keeperswanten oan te lûken om harren teams út de brân te helpen. Foar Kevin levere dit spitich genôch krekt gjin punten op troch it ferlies fan 3-2 tsjin Knickerbockers. Yward wûn al mei SDS 3 mei 5-3 fan Heerenveense Boys 4. Sjapoo allebeide!

Topper (2)

Twa wiken lyn stopte Jaap Toering knap in penalty by SDS 1 tsjin Workum, mar dy moast spitich genôch oernei naam wurde om ’t hy te snel fan de line kaam neffens de skieds. Jeffrey van der Werf liet sneon by SDS 4 sjen hoe ’t it wol moat:

Kantine

De kantine is tongersdeijûn iepen fanôf in oer as 20.33 oere. Op it grutte skerm is der wer folop fuotbal te sjen en wylst soarget Dirk-Yde foar de hapkes en de snapkes. Mei Dirk-Yde efter de bar sil Union Berlin – Feyenoord wol op it grutte skerm te sjen wêze.

SDS/Nijland JO 15-1 ferspilet punten

It ferslach fan dy wedstriid kinne jim hjir lêze mei tank oan de skriuwer út Nijlân

Johan


De nije Keats is al yn Spannum besoarge. Hendrik Eringa stjoerde ús dit oer de trainer fan SDS VR1 en JO19-1

Net ferwachte

Dirk Stegenga pakte mei ‘Covid-11’ dizze wike sawol de wykpriis as de kopposysje yn de SDS-League. Sjoen syn berjocht yn de ‘SDS-League-app’ hie hy dit sels net echt ferwachte…….

Plestik fleskes sparje foar in pannakoai

Yn de kantine stiet in spesjale kontener wêr as lege plestik fleskes yn kinne. De bedoeling is dat tidens it keatsseizoen de opbringst nei de KF giet en tidens it fuotbalseizoen de opbringst is foar it realiseren fan in pannakoai. Allegear sparje dus!

De nije Treffer

Wy binne drok dwaande om de nije Treffer wer fol te krijen. As alles meisit dan is hy dit wykein klear en falt der folgend wykein by jim op de matte.

Harsens derby (2322)

Dizze fuotballer hat gjin teamgenoaten nedich………

Miskien letter wol mear!