SDS-League: ‘Covid-11’ pakt wykpriis en kopposysje!

SDS JO-12 yn byld
1 november 2021
Weppers woansdei 3-11-2021
3 november 2021

Op de dei dat wy heare fan de nije maatrigels, om’t wy dúdlik noch net fan de Covid ôf binne, heare wy dat ‘Covid-11’ fan Dirk Stegenga net allinnich de wykpriis, mar ek de kopposysje pakt yn de SDS-League.

‘Covid-11’ pakte mar leafst 54 punten dit wykein en dat binne der 4 mear as Jaaps ‘Torpedo Toering***’ en Annejan Hallema’s ‘De beste tipper út Jorwert’.

Eeltsje Postma hengelt mei ‘MarkrEeltje’ mear en mear nei in wykpriis yn de SDS-League en swimt langsum nei de boppeste plakken en stiet no al 4e. Wêr eindigt dit?

Habtamu de Hoop lit syn fuotten op it momint mear sprekke op it fjild as yn de SDS-League. Op it fjild skoorde hy twa kear, mar mei ‘Happy feet’ sakke hy ferline wike al fan it 1e nei it 4e plak en set dit no troch nei it 8e plak.

Annejan Hallema die it dizze wike o sa knap mei ‘De beste tipper út Jorwert’, mar mei syn oare team giet it in stik minder. Al sil sc Heerenveen-trainerJohnny Jansen der net fan op sjen dat hy mei ‘Henkie in Oranje’ mar 17 punten pakt. Mooglik hat Annejan net folle wurk dien om dit team byinoar te skarreljen……….

Wy hawwe in nije reade lantearndrager. ‘Moast dy bal foArjan’ fan Stefan van der Velde hie mar 18 punten stiet no ûnderoan. Hy hâld noch knap sicht op de nûmer ien nei lêst ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber dy ’t mar 5 puntsjes boppe him stiet.

 

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 7