Weppers freed 5-11 mei seleksjes

Weppers woansdei 3-11-2021
3 november 2021
Sneon 6-11-2021
5 november 2021

Koroana

De Koroana-maatrigels bliuwe foar sportklups lyk as earder. Jim kinne de rigels hjir lêze.
Yn it koart sein; It is elkenien syn eigen ferantwurdlikheid om in jildige QR-koade by him te hawwen. Je kinne der yn de kantine op kontroleard wurde.

Lokwinske!

Op 4 novimber 2002 gie de SDS-webside foar it earst de loft yn. Dat wie juster alwer 19 jier lyn. Noch fan herte lokwinske!

SDS seal gelyk

In moai gelykspul soene je sizze. 4-4 tsjin de nûmer 2 Haskerland 2. Mar miskien hier der wol mear ynsitten. Wij sille it nea witte….

SDS Vr.2 op freed

Sa no en dan is der ek in SDS VR team op freedtejûn aktyf yn in kompetysje mei ploegen út Dronryp/Menaam en Easterlittens. De 7 tsjin 7 wedstriden wurde dizze kear spile yn Easterlittens

SVM Vr.1 – SDS Vr.1

SDS VR 1 mei it opnimme tsjin SVM VR 1 út Marknesse. It begjin al om 11.45 oere.
De seleksje:

1 Gerry-Edou
2 Petra
3 Elske
4 Femke
5 Richtsje
6 Kirsten
7 Marrit
8 Hester
9 Larissa
10 Seriette
11 Jasmine
12 Janieke
13 Marit
14 Jildou

Aanwezig 10.00 uur Vertrek 10.15 uur

Sneek Wit Zwart zm 1 – SDS 1g.n.t.

SDS soe it moarn opnimme tsjin de koprinner Sneek Wit-Zwart. Y.f.m. in oantal Korona-gefallen by Snits giet dizze wedstriid spitich genôch net troch..
SDS 1 sil no tongersdei om 20.30 oere thús  oefenje  tsjin IJVC  1 om 20.30 ore.

SDS 2 – sc Stiens 2

Om 14.30 op it fertroude haadfjild nimt SDS 2 it op tsjin  SC Stiens 2.
De seleksje: Mark (reservekeeper), Douwe-Jan, Steven, Wesley, Arjen, Bauke, Ewout, Jort, Jurjen, Lieuwe, Peter, Robin, Sietse, Sjoerd, Tjitse en Wessel.

SDS 3 – sc Franeker 3

Ek om 14.30 oere sil SDS 3 los tsjin sc Franeker 3. Om 13.30 oere wurde de mannen op it sportpark ferwachte.
De seleksje: Kevin, Niels, Hendrik, Willem, Frank, Tjipke, Anne, Bote, Kees, Jacob, Jildert, Watze, Inne, Piter en Marten.

SDS 4 – Waterpoort Boys 6 g.n.t.

SDS 4 hie in man as 15 paraat om moarn tsjin WPB 6 te baljen. WPB hie de helte minder en komt spitich genôch net nei Easterein.

Zeerobben 4 – SDS 5

Se hawwe der wer sin yn, de jonges fan SDS 5. It sil moarn om 15.00 oere yn Harns wol wat wurde.
De seleksje: Peter, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Feite, Henk, Ids, Jan-Simon, Jeroen, Klaas, Ronny, Syb en Kesrt (2e helte).

Plestik fleskes sparje foar in pannakoai

Yn de kantine stiet in spesjale kontener wêr as lege plestik fleskes yn kinne. De bedoeling is dat tidens it keatsseizoen de opbringst nei de KF giet en tidens it fuotbalseizoen de opbringst is foar it realiseren fan in pannakoai. Allegear sparje dus!

Nei Sc Heerenveen – PSV foar mar 10 euries

Om ’t SDS in gearwurking hat mei sc Heerenveen kinne alle SDS’ers op snein 28 novimber al foar 10 euries nei sc Heerenveen – PSV. Dêr fan giet dan ek noch €2,- nei SDS. Jim kinne hjir kaartsjes bestelle.

 

Daliks mear!