Weppers woansdei 28-8-2019

Weppers moandei 26-8-2019
26 augustus 2019
Weppers freed 31-8-2019
30 augustus 2019

SDS-spullen ophelje!

Jûn kin tusken 19.00 en 20.00 oere wer it SDS-spul ophelle wurde lykas SDS-sjurts en -broekjes en ballen e.d. om sneon los te kinnen yn de beker. Willem Twijnstra en Klaas de Haan sitte wer klear foar de leiders en trainers.

SDS Vr.1 oefent tsjin sc Berlikum Vr.1/2

SDS Vr.1 sil j ûn wer oefenje. Sy dogge dit tsjin sc Berlikum Vr.1/2 om 20.00 oere. Om 19.30 oere begjint de warming-up.

SVM Marknesse 1 – SDS 1

Justerjûn in oefenwedstriid yn de polder. SDS kaam mei 1-0 efter wêrnei Wierd Hofstra de 1-1 makke. Uteinlik ferlear SDS wat ûngelokkich yn blessuretiid mei 2-1.

Opmerklik


Hiel soms sneupe wij wat om op ynternet en komme hiel soms bijsûndere berjochten tsjin. Lykas dit stikje út 1939

Burd

Der is mar in inkele spiler dy’t op basis fan in burd útgroeie kin ta in kultheld. Wij sjogge dit bij de jonge seleksje fan SDS 1 net samar gebeuren want dy jonges diele no meielkoar noch in skearapparaat (allegear twa kear yn it jier efkes skeare). Stikjeskriuwer Sjoerd Mossou hat oars wol mei sa’n burdaap yn de spits. Sjoch hjir.

Martin by Jinek

Juster seagen wy samar in âld-SDS’er op ‘e tillevysje. Martin Rienstra kaam sa no en dan krekt boppe de tafel út. 😉

SDS-League

Mei de SDS-League wachtsje wy lykas oare jierren oant de transfermerke slúten is. Dat is yn Nederlan op 2 septimber, dus sille wy sjen as wy dêrnei sa gau as mooglik los kinne. Teams meie ynlevere wurde foar sneon 14 septimber. Je kinne hjir wol alfêst in foarlopich team meitsje.

Harsens derby (2150)

Allemachies!