Weppers freed 31-8-2019

Weppers woansdei 28-8-2019
28 augustus 2019
Sneon 31-8-2019
30 augustus 2019

Rick Hendriks leider SDS 2

TD Jaap Toering is der yn slagge om foar SDS 2 in nije leider te strikken. Wy binne tige bliid dat Rick Hendriks dizze taak op him nimme wol en wy tinke dat Rick hjir foar knipt is.

 

SDS Vr.1 wint oefenwedstriid tsjin sc Berlikum Vr.1/2

SDS Vr.1 hat woansdeitejûn de bekerwedstriid tsjin sc Berlikum Vr.1/2 wûn mei 3-1. Kirsten, Seriette en Esther makken de doelpunten foar SDS.

SDS 4 ek los


It koe it ljocht miskien noch net ferdrage, mar wij kinne melde dat SDS 4 it seizoen ek wer begong is. Sij diene dat mei in lichte training op it skopfjild fan Wommels

Bekerwedstriden

Moarn 31 augustus giet it wer los mei de teams dy’t harren ynskreaun hawwe foar de beker. Allegear in soad sukses.

SDS 1 – Beetgum 1

Om 14.30 treedt SDS 1 oan tsjin 4de klasser Beetgum 1. Hjirûnder de seleksje:
13.15 aanwezig
13.30 bespreking

1 Jaap
2 Frank
3 Erik
4 Marco©
5 Gerwin
6 Wierd
7 Peter
8 Pieter
9 Steven
10 Matthijs
11 Lourens
12 Jacob-Klaas
13 Wiebe
14 Habtamu

Zeerobben 3 – SDS 2

SDS 2 giet foar de earste bekerwedstriid los yn Harns. Zeerobben 3 is de tsjinstanner. Dizze seleksje fertrekt om 11.00 oere út Easterein:
Sjoerd Wiersma, Jurjen, Jort, Jesse, Robin, Lieuwe, Dirk, Niels, Ewout, Wesley, Wytze, Inne, Luuk en Jildert.
De wedstriid wurdt fluite troch in âlde bekinde; Dennis Vinke.

SDS VR 1 – ST Dronrijp/Foarút VR1 g.n.t.

Akke-Rixt en Tarina hienen al in moaie seleksje gearstald foar sneon, mar Dronrijp/Foarút hawwe sels tegeare net genôch spylsters om sneon te baljen. Spitich genôch giet it dus net troch.

SDS JO17-2 – Workum JO17-2

De lieder fan SDS JO17-2 hat de opstelling foar moarn al klear:

Tiemen en Ruben begjinne op de bank.

SDS-klean en ballen

Twa teams hawwe woansdei harren sjurts, broekjes en ballen noch net ophelje kinnen. Sy kinne dit moarn dwaan foar harren wedstriden by it ballenhok. Klaas de Haan is moarns wol oanwêzich.

Spullieders

Foar de wedstriden fan de jongste jeugd fan SDS binne wy noch op syk nei wat spullieders. Liket dit je wat mail dan nei info@vv-sds.nl.

SDS 1 yn Groot Sneek

SDS-auto

Ferskeidene SDS’ers om útens sille kommend seizoen ek wer gebrûk meitsje fan de ‘SDS-auto’. Dit is mei mooglik makke troch Multicarservice Wheagan út Wommels en hjir binne wy tige wiis mei!

Sybrecht

Kommende tiisdeitejûn is de ynterlân Nederland – Turkije foar froulju yn it Abe Lenstrastadion. Fansels meie dy froulju oan de hân fan jeudige fans it fjild op komme. Ien fan harren is Sybrecht Overal.  Wij sjogge no al út nei de foto’s……

D.O.S. – O.V.C.

Wij joegen dizze wike oan dat  D.O.S. de namme wie fan in fuotbalklup yn Wommels yn 1939. Fansels krigen wij de fraach at er wat bekend is oer de sportive prestaasjes. Wij fûnen yndie in lyts stikje oer harren earste wedstriid. Dy wie tsjin O.V.C.

 

Harsens derby (2151)

Dit is in bytsje as Harm-Auke mei Wout op de de tribune sit by PSV – Feyenoord en Wout yniens foar Feyenoord jûchheid…….. 😉