Weppers moandei 26-8-2019

Weppers freed 23-8-2019
23 augustus 2019
Weppers woansdei 28-8-2019
28 augustus 2019

Metz Style sjurtstiper SDS 3!

It ‘nije’ SDS 3 krijt hieltiten mear foarm. Nei in woskfrou en in trainer-coach is der foar SDS 3 no ek in sjurtstiper fûn. Kapsalon METZ-Style út Wommels hat harren foar 5 jier ferbûn oan dit team fan ‘mooiboys’! SDS is hjir tige wiis mei. Wy sjogge út nei de earste teamfoto!

SDS 1 wint earste oefenpot dik

SDS 1 wûn sneon yn syn earste oefenwedstryd fan it seizoen mei mar leafst 8-0 fan 4e-Klasser sc Bolsward. SDS fuotballe fris fan de lever mei in miks fan spilers fan SDS 1 en de JO19-1. Rekkene sûnder de âldsjes Jaap, Erik en Jacob-Klaas kaam de gemiddelde leeftiid net boppe de 19 út. SDS fuotballe sprankeljend en kaam mei de iene nei de oare knappe oanfal. It waard úteinlik wat ynrjchtingsferkear wêrby de doelpunten makke waarden troch Pieter Sijtsma(3x), Sjoerd de Boer(2x), Matthijs Postma(2x) en Peter Hoogerwerf.

It Jappie-effekt!

It wie al in skoftke lyn dat SDS 1 foar it lêst 8 kear skoorde yn in wedstriid. En dat yn de twadde wedstriid neidat spitsentrainer Jappie Wijnia by SDS 1 oan de slach gien is. Neffens Tjerk van de Pol meie wy al foarsichtich prate oer it ‘Jappie-effekt’.

SDS Vr.1 ûnderút tsjin SWZ Vr.1

In soad froulju wienen op fakansje, mar der wienen krekt genôch om ôfrûne sneon dochs efkes te oefenjen. SDS Vr.1 ferlear úteinlik mei 7-3 fan SWZ Vr.1.

SDS 2 hat yn Frjentsjer oefene

SDS 2 hat sneon mei 3-1 ferlern fan in leuk fuotbaljend sc Frentsjer. Twa diskutabele goals fan Frentsjer waarden goedkeurd troch de skeids. Neffens trainer Okke van der Kamp wie it in nuttich potsje. JO19’er Anco Bervoets makke de ienige goal foar it 2e. In ôfmjitten foarset gie streekrjocht yn de winkelheak. Skoreferrin: 1-0 efter mei de rêst. 1-1 in kertier nei de rêst, dêrnei makke Frentsjer 2-1 en 3-1.

SDS 1 oefent yn moarn Marknesse

SDS 1 sil moarntejûn yn Marknesse oefenje tsjin SVM. SVM sit by SDS yn de 3e-Klasse A. De seleksje sjocht der sa út:

18.30 vertrek uit Easterein

1 Jaap
2 Luuk
3 Erik
4 Marco©
5 Gerwin
6 Wierd
7 Peter
8 Pieter
9 Hendrik
10 Matthijs
11 Steven
12 Robin
13 Frank
14 Wiebe
15 Habtamu
16 Lourens

SDS Vr.1 oefent tsjin sc Berlikum Vr.1/2

SDS Vr.1 sil woansdei alwer oefenje. Sy dogge dit tsjin sc Berlikum Vr.1/2.

SDS-League

Mei de SDS-League wachtsje wy lykas oare jierren oant de transfermerke slúten is. Dat is yn Nederlan op 2 septimber, dus sille wy sjen as wy dêrnei sa gau as mooglik los kinne. Gean mar fêst út fan sneon 14 septimber. Je kinne hjir wol alfêst in foarlopich team meitsje.

Harsens derby (2149)

Lekker!