Weppers woansdei 28-4

Weppers tiisdei 27-4
26 april 2010
Weppers tongersdei 29-4
28 april 2010

SDS 5

SDs 5 hat justerjûn nei Ljouwert west. Se moasten balje tsjin de Sweltsjes. Mar bij oankomst wiene de tsjinstanners der wol, mar it wie net dúdlik op welk fjild, yn welke boksen, mei welke ballen, mei welke skeids der fuotballe wurde moast. Rêstich  ôfwachtsje dus.

De wedstriid

SDS naam it pikniktafelgefoel mei nei it fjild. It gie te rêstich, te maklik allegear. De Sweltsjes wiene nauweliks gefaarlik. Auke hie as lêste man de measte muoite mei in 4-fuotter.  Marco skoorde foar it skoft de 0-1.
Nei de lekkere brûne tee, dy’t oan de sydline dronken waard, sette SDS 5 efkes druk en Robert Sijbesma skoaarde 2 kear. De Sweltsjes skoarden tsjin mar Good-jong Harm Auke makke der 1-5 fan.

De analyse

Bij de analyse kaam nei foaren dat de lieder net skerp wie. Te relakst yn de Volvo, op cruisecontrol en mei evergreenmuzyk yn de auto fan Hendrik E.  is dêrfan de oarsaak. Dat it dochs noch 1-5 waard is in wûnder. Tank oan alle ynfallers sille wij mar sizze..

SDS 3 der op út!
Sneon nei de wedstryd tsjin Joure sil ‘It Tredde’ der op út. Wat we dwaan gean bliuwt nog even in ferassing.
Fertrek: 15.50 op de fyts nei Wommels. Fanút der mei de bus nei….
Kosten: 55 euro (is incl. iten, in oantal oeren drinken, ferfier en in minimale lichamelijke ynspanning)
De minsken dy’t ferwachte wurde:
Sjoerd v.B., Remco B, Geert D, Andrew F, Dirk de J, Jentsje J, Pieter K, Stefan v K, Sjoerd R, Jan S, Bote S, Gerlof V, Ronny W, Jeroen W, Ralph W, Sybren W, Harm Abma, Bouke D, Eeltsje P, Hendrik E, Willem W, Sietse K.
Oan’t Sneon!
Groeten Jeroen en Jan

Foeilelijke sjurts (32, diel 2)
It falt dochs noch wat mei mei dat nije útsjurt fan Ajax foar folgend seizoen. Reinier Hitzert mailt ús dizze:

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (204)
Je hawwe schwalbes en je hawwe schwalbes. Dizze slaat alles: