Weppers tiisdei 27-4

Weppers moandei 26-4
25 april 2010
Weppers woansdei 28-4
27 april 2010

SDS 1 traint yn Hidaard
SDS 1 traint jûn yn Hidaard. Fertrek om 18.50 by de Skoalleseize.
Dick


Skoalfuotbal

Kommende woansdei is it wer tiid foar it jierlikse skoalfuotbal.
De dielname is gigantysk!!! 9 famkes teams, en 11 jonges teams!
Net allinne de dielname is gigantysk, ek de prizen! Groetnis, i
t jeugdbestjoer

Supporter

SDS 1 hie sneon in bijsûndere “supporter”. Jouke Huitema, de baas fan vv Nijlân, rûn noch wat ûnwennich om op de Skoalleseize mar at hij faker komt giet dat wol oer. Wij fernamen fan him dat hij sneon supporter fan BCV wie. Dat foel ús no wer ôf.

SDS A1
Jûn om 19.00 oere spilet SDS A- yn de kompetysje tsjin de Sweach 1.

SDS 5
It is hast maaie en dan is it eindelik sa fier. SDS moat dizze kompetysje foar de earste kear tsjin Ljouwerter Sweltsjes 11. Om 19.00 begjint it yn de stêd.

Slotjûn jeugd
Hallo jongens en meisjes,
Voor de 5e keer organiseert de jeugdcommissie van SDS dit jaar aan het eind van het seizoen een slotavond voor de D, E en F-pupillen. 
Op vrijdag 21 mei a.s. word je verwacht om 16.30 uur op het Sportpark ‘de Skoalleseize’ in Easterein. Nadat je bent aangemeld, gaan we direct beginnen. Ongeveer 19.30 uur is het afgelopen.
Iedereen neemt deel aan een spellencircuit, 4×4 partijtje en penalty schieten op de keeper van het 1e en 2e! Tussendoor krijg je patat met drinken. En natuurlijk is er ook dit jaar weer de wisselbeker te winnen bij het penalty schieten. Wij als jeugdcommissie van SDS nodigen jou van harte uit en wij hopen ook deze keer weer op een grote opkomst.
Tot 21 mei!!!!
Jeugdcommissie SDS

DJJello yn de kantine
Sneon 8 maaie moat it drok wurde op de Skoalleseize. Foar de measte seniorenteams is it de leste thúswedstriid fan it seizoen. Boppedat kin it
earste alvetal wol wat stipe brûke om hânhavening yn ‘e 2e klasse te
realisearen. Mar ek de oare teams fan SDS meie natuerlyk oanmoedige wurde.
Fanôf 16.30 oere is der ek noch muzyk mei meiwurking fan djjello. We
rekkenje op jimme komst op 8 maaie.
De aktiviteitenkommisje


In bidon fol…..

Dooitze Nauta, de fersoarger wie sneon op de fyts. Op sich is dat neat bysûnders want dat dogge wij altyd. De seleksje fan SDS 1 fûn it wol bysûnder en sij hiene suver begrutsjen mei him want it wie aardich waarm sneontemiddei. Dus stjoerden se Dooitze mei in folle bidon op paad. Dat stelde hij tige op priis want dit wie syn reaksje:
Tige bedankt foar jimme bierke yn de bidon ,dat hie ik wol nedich by Menaem, stie al wer efkes droech (tocht wetter te drinken, it eerste slokje gong de berm yn.) Oare keer ha ik 2 heale literse bidons op de fyts klear te stean.
René, koest dat lêste fleske net meer op ut de bestjoerskeamer tink ik. Of wie dat die fan Anne B. Der sit gewoan wei gjin tempo yn by jimme. Yn t fjild net, en ek de 3e helte net.
De kommende 2 wike bin ik der net dus, Anne is myn ferfanger foar de tongersdeis, en Wim van Brink foar de sneons, en ik gean der fanút dat jimme yn de 2e klasse bliuwe
De heu, en suc6.
Dn

Foeilelijke sjurts (32)
Mocht dit it nije útsjurt fan Ajax wurde dan meie sy om my alle wedstriden it kommende seizoen wol thús spylje…….

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (203)
Dit is in knappe assist, al moat der no al ien hinne om syn fuotten út de knoop te heljen:


Letter miskien mear!