De keepers-klinik fan ôfrûne moandei wie tige slagge. De jeugdkommisje is der wis fan dat de klinik der sawisa foar soarge hat dat vv SDS en vv Nijland de kommende jierren minder doelpunten om de earen krije sil. Marjo Groothof moast helpe mei it keepen en makke ek noch wat foto’s:
SDS 1 is fan doel om op tongersdeis wer trainen te gean mei ynachtnimming fan de koronarigels. Dus yn groepkes fan 4 en op oardel meter ôfstân, thús omklaaie en de boksen binne ticht. Heerenveense Boys is ferline wike al op dizze manier wer los gien. Op ynternet binne allerhande trainingen te finen.
Undanks de Korona komme der noch altiten wer nije jeugdleden by. It is dan ek bliksemsmoai dat de jeugd wat trochfuotbalje mei. Juster kamen der sa wer 4 nije leden by. Fan herte wolkom allegear!
Kommende sneon sil der wer troch ferskate jeugdteams fan SDS tsjinelkoar oefene wurde. Spitich genôch noch altiten sûnder publyk.
Mei de koronarigels sa ’t dy der no binne sil it lestich wurde om yn novimber de jierlijkse ledengearkomst te organiseren. Hjirby fersette wy him mar fêst nei jannewaris/febrewaris 2021. Wy sille de statuten noch efkes neisjen as dit mei.
De dropaksje wie troch de Korona wat letter as oars, mar dochs noch tige slagge. Ponghâlder Henk Postma kin mei ôftrek fan de kosten dochs in moai bedrach fan sa ’n €1200,- byskriuwe.
Us komplimenten!
SDS is dwaande mei in nije “desinfeksjezuil” y.f.m. de Korona. Dêrmei wurdt der automatysk in ‘handsje’ desinfeksje yn’e hân spuite. As it meisit stiet dy noch foar sneon op it sportpark.
Soks mar dan noch better!
Folgende kear gewoan wer nimme!
When the right-back thinks he’s Trent Alexander-Arnold 🙈😂
(🎥 INST/kie_functional_fitness)#SundayLeague pic.twitter.com/kYR1N4B0vl— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) October 24, 2020