SDS-League: “De Flierefluiters” pakt de wykpriis!

Weppers moandei 26-10-2020
26 oktober 2020
Weppers woansdei 28-10-2020
28 oktober 2020

De measte punten wienen dit wykein te heljen fansels by de Ajacieden dy ’t mei 13-0 fan VVV wûnen. Traoré hie de measte punten. Hy hie mar leafst 29 punten, mar net ien dy ’t him opsteld hat yn de SDS-League. Ekkelenkamp die it ek net gek mei 15 punten, mar ek dy hat net ien. Blind (13 punten), Antony(14 punten) en Tagliafico (12 punten) hienen ek wol aardich wat punten en steane wol geregeld opsteld. De lju dy ’t Tadic hawwe foel it wat ôf dat hy mar 8 punten pakte.

It is dizze wike “De Flierefluiters” fan Jildert van der Werf dy ’t de wykpriis pakt. Hy pakte mar leafst 67 punten. De 14 punten fan Antony(AJA) kamen him net gek út, mar de 15 punten fan Van Hintum(GRO) joegen úteinlik de trochslach.

“Bulder” fan Jan Mulder en “Brouwerpower” fan Jelmer Brouwer komme mei 61 punten krekt wat tekoart foar de wykpriis. “Bulder” nimt al de kopposysje oer fan “vv DWO” en hat 5 punten foarsprong op “MarkrEeltje” fan Marije en Eeltje en 9 punten op “De Flierefluiters”.

“Ut de losse pols” fan Aant Hofstra stiet noch altiten ûnderoan, mar krijt serieuze konkurinsje fan ‘Lyts Urk’ fan Lieuwe Vriesema dy ’t dizze wike mar 23 punten “fong”…….

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 2