Weppers freed 30-10-2020

Weppers woansdei 28-10-2020
28 oktober 2020
SDS-League: “De Regenjas” pakt de wykpriis!
2 november 2020

Oefenprogramma sneon 31 oktober

Mei de koronarigels fan no mei de jeugd lokkich genôch wol ûnderling balje. De jeugd fan SDS makket hjir dan ek gretich gebrûk fan. Dit is it programma fan moarn. Sûnder publyk, mar wol mei bulten enthousiaste jonkjes en famkes!

9.00 – 10.00 oere:
Minileague
SDS JO8

9.00 – 10.00 oere:
SDS JO9-1
SDS JO9-2
SDS JO10-1
Miks-toernoai

10.00 – 11.00 oere:
SDS JO11 – SDS JO12

11.15 – 12.45 oere:
SDS JO15-1 – SDS MO17.

SDS 1 hat wer traind

SDS 1 hat juster wer foar it earst wer traind sûnt de nijste koronarigels fan krêft binne. Sy hawwe dat dienen binnen de rigels sa ’t dy steld binne troch de KNVB. Dat betsjutte dat der yn groepkes fan 4 traind is mei oardel meter romte. de KNVB hat wat foarbyldtrainingen op harren webside stean (https://rinus.knvb.nl/training/223539). Fan hearen en sizzen witte wy dat de manlju fan SDS 1 genoaten hawwe en noch wol in dei nedich hawwe om wer drûch te wurden.

Rabo ClubSupport

Kommende moandei wurdt de útslach bekend makke fan de aksje fan de Rabobank; Rabo ClubSupport. Wy binne tige benijd! Sjoch ek hjir. Rabobank jout mar leafst €580.000,- oan sa ’n 1300 klups.

Koronarigels

De KNVB stelt de koronarigels op oangeande it fuotbaljen. Op dizze webside fan de KNVB kinne je de rigels fine. Wy komme der al efter dat de tekst op de side fan de KNVB wolris oanpast wurdt wêrtroch it wolris wat minder dúdlik wurdt……….
Dit stie der namelijk op:

En no stiet der:

Uteinlik komt it op itselde del….

Kwiske

Yn it ramt fan de 60e jierdei fan Diego Armando Maradona hjoed hawwe wy in alderaardichst kwiske foar jim fûn. Hy is net makkelijk mar wier de muoite wurdich om mei dit waar efkes te spyljen. Sjoch hjir.

SDS-League

De amateurkompetysjes lizze dan wol stil, mar lokkich genôch giet de SDS-League gewoan troch. Wa soe dit wykein de wykpriis pakke?


Harsens derby (2267)

Hearlik!

 

 

Letter mear!