Weppers woansdei 25-4-2018

Hendrik de Jong op nei de 100!
24 april 2018
SDS Vr1 troch nei de lêste 4!
25 april 2018

SDS 4 yn aksje

SDS 4 hat justerjûn balle tsjin WPB 6. Wedstriid einige yn in 2-0 oerwinning foar WeePeeBee.

SDS seal

De “sealtsjes” koene juster wol 3 kear skoare mar net winne fan Woudsend 1. Utslach 5-3.

SDS VR 1 giet foar de beker

Woansdei om 18.15 fertrek nei Ternaard💪 foar bekerwedstriid
De seleksje:
Marjo, Seriette, Richtje, Lysanne, Janieke, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Kirsten, Alissa, Tjitske, Jeska en Tarina.
Coach: Stefan
Flagger: Jacob Klaas

Nije stân yn 3A

Tiisdeitejûn binne der 4 ynhelwedstriden spile yn de tredde klasse A.  De útslaggen kinne jim hjir sjen. De nije stân is hjir te finen

De Wâlde 1 – SDS 1

Kommende sneon 28 april spilet SDS 1 tsjin de nûmer twa de Wâlde 1. 7 kear earder spilen se tsjinelkoar bij de Wâlde.  6 kear yn de kompetysje en ien kear yn de neikompetysje. Sjoch hjir it oersicht fan VoetbalNederland

Kom yn beweging


Op snein 3 juny moat  elkenien yn beweging komme yn Wommels.  In farieard programma mei kuierje, hurddrave, fytsen, muorrekeatse, beachfolleybal en…… (spesjaal foar de jeugd?) in pannakooi toernooi dat regele wurdt troch Lourens van der Pol, jeugdbestjoerslid fan SDS.
It hiele programma kinne jim hjir lêze

Efkes Balje

De Efkes Ballers wolle ek allegear op harren eigen wize Keningsdei fiere. Dus freed net los mar tongersdei. Yn Wommels om 19.30 oere.

Harsens derby (2016)

Prima ynstudeare frij traap! Spitich dat ien net goed opletten hat………………………..