Hendrik de Jong op nei de 100!

Teamyndielingen famkes 2018-2019
24 april 2018
Weppers woansdei 25-4-2018
25 april 2018

Sa ’t jim hjir op de webside lêze koenen makke Hendrik de Jong ôfrûne sneon syn 98e en 99e goal foar SDS 1.
Hendrik makke op 26 septimber 1998 syn debút yn SDS 1 en makke hast in jier letter op 4 septimber 1999 yn de wedstriid tsjin FC Meppel syn earste goal foar SDS 1. Syn 99e goal makke hy dus ôfrûne sneon 21 april yn de wedstriid tsjin NOK.
Hendrik hat hast 20 jier dien oer syn 99 goals. De earste jierren makke hy noch diel út fan de A-junioaren en y.f.m. blessures hat hy jierren yn it twadde balle.

Yn ûndersteand oersjoch kinne jim sjen tsjin welke klups Hendrik allegear skoord hat. Yn dit oersjoch misse noch 2 goals dy ’t Hendrik wierskynlik makke hat tsjin klups dy ’t net mear bestean of fan de sneons nei de sneins ta gien binne. It oersjoch is makke troch www.voetbalnoord.nl. Sy binne noch dwaande om út te sykjen tsjin welke klups Hendrik dy 2 goals makke hat.

De 5 goals tsjin Willemsoord skoorde Hendrik de Jong ferline seizoen op 11 febrewaris 2017 yn ien wedstriid.

SDS 1 moat dizze kompetysje noch tsjin De Wâlde, Heerenveense Boys, Waterpoort Boys en TOP.
Tsjin De Wâlde, Heerenveense Boys en TOP hat Hendrik noch nea skoord.
Tsjin Waterpoort Boys (6x) hat Hendrik it fizier altiten op skerp.
Wy sjogge út nei Hendrik syn 100e goal!

Club Doelpunten
1 t Fean 58 9
2 Waterpoort Boys 6
3 Zeerobben 6
4 Willemsoord 5
5 Workum 4
6 VHK 4
7 Heeg 4
8 Makkum 3
9 Mulier 3
10 Oudehaske 3
11 Be Quick Dokkum 3
12 Broekster Boys 3
13 Balk 2
14 Bant 2
15 Bolsward SC 2
16 Bolswardia 2
17 Joure SC 2
18 Ouwe Syl 2
19 QVC 2
20 Rottevalle 2
21 NOK 2
22 SVM Marknesse 2
23 Sweach De 2
24 ONT 2
25 TONEGO 1
26 Trynwâldster Boys 1
27 Oostergo 1
28 SJS 1
29 Nijland 1
30 Meppel FC 1
31 Klazienaveen 1
32 Kootstertille SC 1
33 Lauwers De 1
34 LTC 1
35 Holwierde 1
36 Friese Boys 1
37 Hardegarijp 1
38 CVVB 1
39 Dronten ASV 1
40 DWP 1
41 BCV 1
42 Blauw Wit 34 1
43 WTOC 1
44 Anjum 1
Misse noch 2
Totaal 99


Mei tank oan
Voetbalnoord!