SDS Vr1 troch nei de lêste 4!

Weppers woansdei 25-4-2018
25 april 2018
SDS-League: Wykpriis wurdt dield!
26 april 2018

Se moasten der jûn hielendal foar nei Ternaard.
Om 20.00 oere de wedstriid Ternaard VR1 – SDS VR1

SDS komt yn de earste helte op 0-1 troch assist fan Seriette Strikwerda en in doelpunt fan Tjitske Heeres.

Moaie kânsen dêrnei oan beide kanten mar it bliuwt 0-1 oan it skoft ta,

In kertier nei it skoft wurdt it 1-1  en dan wurdt it noch spannender… ….90 minuten sitte der op en de 1-1 betsjut strafskoppen.

Ternaard skoart 1-0
Tjitske skoart 1-1
Ternaard op de latte
Janieke skoart  1-2
Ternaard skoart 2-2
Jeska “koelbloedig”  2-3
Ternaard skoart  3-3
Sieta 3-4
Ternaard skoart 4-4
Seriette 4-5

En dêrnei?

Sjoch de freugdebylden op Twitter

Dit betsjut dat SDS Vr.1 no nei de lêste 4 giet yn it bekertoernoai. Dat sil dan heechstwierskynlik wol in finaledei wurde.Wêr en wannear as dat is sykje wy noch efkes út, mar rekkenje der mar op dat der in SDS-bus regele wurdt om der ‘froumachtich’ hinne te kinnen!

Mei tank oan it twitterferslach fan Jacomien Heeres!