Weppers woansdei 24-8

Weppers snein 21-8
21 augustus 2016
Weppers tongersdei 25-8
28 augustus 2016

Fan de jeugdkommisje
Op donderdag 25 augustus kunnen tussen 19.:00 en 19:30 de materialen worden opgehaald bij het ballenhok.  Klaas de Haan zal daar dan aanwezig zijn.

SDS 2
Jûn thús tsjin Berlikum 2 foar de beker.
De wedstryd begjint om 18.45 oere.
SDS2- 

Kantine
Troch omstannichheden stiet der jûn net ien efter de bar yn de kantine. As der noch ien is dy ’t kin dan mei dy wol efkes kontakt sykje mei 06-15560180.

SDS 1
Sy hawwe tiisdeitejûn de twadde bekerwedstriid spile en dy wûnen sy mei 5-4 fan sc Franeker sneins. By de rêst stie SDS mei 2-0 foar. Hjir it “kuorkebalferslach”:
Op dizze waarme tiisdei te jûn stuitte SDS 1 op in fel en oanfallend ynsteld Frentsjer. De earste minuten wiene dan ek foar de gasthearen mar grutte kânsen kriigen sy net. Nei dat sds de popkes better te plak stean hie en de spitsen makliker fûn wurde koene lefere de earste de bêste goede oanfal lyk in goal op. Jelmer liet de bal fanút de spits op Erik falle, hy stjoerde Lourens djip dy de  tsjinstanner syn hakken sjen liet en allinne op de keeper gjin fout makke, 0-1. Net lang hjir nei wie it Jelmer dy’t in beauty binnen  kegele. Út in ôfsleine hoekskop naam hij de bal knap oan en skeat dizze diagonaal yn de sprekwurdelike ‘winkelheak’ 0-2. De ienige kans dy’ t Frentsjer noch krige foar rêst waard troch Jaap mei de foet keart. Nei rêst gie SDS fierder sa at sij de earste helt einigen. Út in foarset fan de mei opkommen Bauke skoarde Jelmer de 0-3 en wie it Lourens dy’t it lêste tikje joech nei in knappe kombinaasje tusken Erik en Teun, 0-4. Frentsjer skoarde flak foar de drinkpauze 1-4 út in korner. Nei dizze pauze krige SDS it lesticher.  Sy koene de bal foaryn net mear fêst hâlde wertroch de ploech in soad meters meitsje moast. Bij de  2-4 waard troch Frentsjer goed gebrûk makke fan de beane romte. De 5-2 waard in kwartier foar tiid út in scrimmage foar de Frentsjerter goal troch Tsjipke binnen sketten,  mar de marge waard wer 2 doe’t de skiedsrjochter Frentsjer in pingel gunde. It slot waard úteinlik noch spannend doe it troch in fan rjochting feroare frije traap 4-5 waard en hjir nei bij wat stoeien om de bal Bauke mei read fan it fjild moast. Lokkich koe SDS de overwinning fêst hâlde. Smet op de wedstriid wie fansels de reade kaart fan Bauke dy’t warskynlik in behoorlike skorsing ferwachtsje kin. Sjoen it oantal hurde oertredingen oan Frentsjerter kant heard SDS net mei in oantal giele en in reade kaart nei hûs te gean. Bij winst takkem sneon tsjin Menaam soe SDS troch bekerje.

ST SDS/Scharnegoutum A1
Sij spilen juster ek in bekerwedstriid tsjin Minnertsgea-ST Jabik en wûnen my 1-0. Dizze útslach hie seker heger útfalle kinnen, mar it hie op it lêst foar itselde jild noch 1-1 wurden.

SDS C1
SDS C1 soe tongersdeitejûn thús foar de beker tsjin Frisia spylje, mar de Ljouwerters hawwe net genôch spilers. De wedstryd giet dan ek net troch.

Nije webside
Trochdat wy noch altiten drok dwaande binne mei de nije SDS-side bliuwt it wat stiller as oars op de âlde webside. As alles wat meisit dan kinne wy rûn 1 septimber mei de nije webside de loft yn.

Harsens derby (1757)
Jim kinne fêst it ferhaal fan dy twa hûnen dy ’t om in bal fjochtsje. Ynderdaad! De tredde rint úteinlik mei de bal fuort…..