Weppers snein 21-8

Ut-en ferslaggen 20-8
21 augustus 2016
Weppers woansdei 24-8
23 augustus 2016

SDS 1
SDS 1 wûn juster yn Littens mei 0-1. Kommende tiisdei is de folgjende wedstriid. sc Franeker 1 sneins is de tsjinstanner en dizze ploech helle in 1-8 oerwinning op Foarút 1.
De wedstriid yn Frjentsjer begjint om 18.45.

ST SDS-Scharnegoutum JO19-1 – ST Minnertsga-Sint Jabik JO19-1
Wij binne al wurch at wij de kop fan dizze wepper typt ha, wat in freeslike lange nammen.
De twa ploegen dy’t yn de kop fan dizze wepper stean fuotbalje kommende tiisdei yn Easterein yn it kader fan de beker. Dizze wedstriid begjint om 19.00 oere.

JO
Dizze wepper is spesjaal foar Gatske en Annie. Sij moatte krekt as ús noch wat wenne oan dy frjemde nammen fan de teams.
JO dat stiet foar Jeugd Onder
SDS A1 dat is no ST SDS-Scharnegoutum JO19-1
SDS B1 dat is no SDS JO17-1
SDS B2 soe dan wêze SDS JO17-2
SDS C1 is dus SDS JO15-1
SDS D1 is dan SDS JO13-1
SDS E1 is dan SDS JO11-1
SDS F1 is dan SDS JO9-1
Bruorrenstriid 
Earst seagen wij justermiddei bij it keatsen de bruorrenstriid Haitsma-Haitsma….Haitsma wûn
Letter seagen wij Bootsma- Bootsma bij it fuotbal….Bootsma wûn

Miskien letter noch wol wat