Weppers woansdei 24-4

Weppers tiisdei 23-4
22 april 2013
Weppers tongersdei 25-4
25 april 2013

SDS A1 – Arum Stormvogels A1    7-1
Justerjûn koe SDS A1 wer oer de hast hiele seleksje beskikke en dat betelle him út. It waard in dik fertsjinne 7-1 oerwinning. Fia ús drone hawwe wij doelpunt
5 en 6 of 6 en 7 hast yn byld.

Hoefolle is it wurden?
It is net altyd like betrouber at je guon freegje “hoe folle it wurden is”. Sa ek justerjûn bij de A’s. De hearen de Graaf en Los wisten as oandachtige taskôgers te melden dat it 6-1 wurden wie, mar in oere letter korrisjearde Rick Hendrik dit wer fia twitter. De 1 wie wol goed (hij wie sels de doelman) mar de 6 moast in 7 wurde. Miskien is it skoareboerd oare kear wol wat!

SDS MC1 – St Anne MC1    6-3
Ek in soad doelpunten oan de oare side fan de kantine. De famkes fuotballen prima, liet
de koach ús witte.

SDS 4
Sij trede jûn om 19.00 oere oan tsjin Oudega 2.
De seleksje wurdt om 18.30 yn de boks ferwachte en sjocht der sa út:
Igor, Jelle, Steffen, Peter, Martijn, Johnathan, Tseard, Eeltje, Bram S, Douwe, Arjan, BroerJacob, Rudy, Doede.

Seal: SDS 1 ûnderút
De sealfuotballers wurde dit jier tredde, want ek juster slaggen sy der net yn om de beste ploech yn de kompetysje, nûmer 2 Bolswardia 2, te ferslaan. Nei in 4-0 rêststân waard it noch 4-2 en nei de 5-2 noch 5-3, mar úteinlik rûnen de Boalserters út nei 7-3. Pieter de Vries, André en de wepmaster sûnder stikels makken de SDS-doelpunten.

Alderaardichst

Poiesz aksje
Freed wie de ôfslútjûn fan de Poiesz aksje. Mear dêroer kinne jim
hjir sjen.

Dropferkeapster

Soms dogge wij mar wat. Wij betinke sels wat nammen en teksten bij foto’s en meastal is it wol goed. Soms net. De goeie tekst bij dizze foto is: Moniek Delfsma (lofts) ferkeapet drop oan Anouk Delfsma ( rjochts). It moaie is no fansels dat de foto der al wer op stiet.

Harsens derby(1012)
Striker Dooitze Nauta wurdt ek in dei âlder. SDS spilet hjir alfêst op yn: