Weppers tiisdei 23-4

Weppers moandei 22-4
21 april 2013
Weppers woansdei 24-4
23 april 2013

Fuotbalje
Der is hjoed wol wer wat te dwaan op it sportpark yn Easterein. Efkes sjen kin gjin kwea.
SDS A1 fuotballet jûn om 19.00 tsjin Stormvogels/Arum A1 en de famkes fan MC1 tsjin Sint Annaparochie MC1. 

Stân fan saken
Op dizze side is
in oersicht makke fan de perioadekampioen oan ’t en mei de twadde klasse. Sa te sjen is der noch net folle dúdlik.

Gjin en wol trainen
Om ’t it der hieltiten mear op liket dat der net folle animo is om mei SDS 2 te trainen en in protte spilers mei blessueres omrinne hat trainer Marco Hoekstra besletten om de kommende wiken ien kear yn de wike te trainen. Dit sil dan op tongersdei wêze. Wy sille sjen as dat wat punten opsmyt, want oars is it miskien foar folgjend seizoen ek in aardige opsje………..
SDS 3 hat ûnder lieding fan Bote wol gewoan trainen.

Tiisdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS meie jûn wer los. Sy spylje jûn om 19.30 út tsjin nûmer 2 Bolswardia 2. SDS stiet 3e.

Harsens derby(1011)
Toet toet!!