Weppers tongersdei 25-4

Weppers woansdei 24-4
23 april 2013
SDS League: Eeltje pakt wykpriis!
25 april 2013

G.n.t.
De froulju fan SDS VR.2 hawwe sneon frij. Dit tryste berjocht krigen wy fan Andre:
Foarut heeft te weinig speelsters
groetjes, Andre

SDS 4 wint
SDS 4 hat justerjûn wûn fan Oudega 2. Troch doelpunten fan Bram Strubbe (2) en Jelle de Jong (2) en twa tsjindoelpunten waard de einstân 4-2.

SDS 3 – CVVO 3
18.15 oanwêzich
19.00 fuotbalje
Seleksje: Geert, Ids, Syb, Jentsje, Raymond, Pytrik, Andries, Ralph, Mark, Bauke, Sytse, Sytze, Pieter, Gerlof-Jan en Willem.

SDS 2 en 3 derop út
SDS 2 en 3 sille der 4 maaie tegeare op út. Wêrhinne is noch in ferrassing. Ek foar de organisaasje.

Programma sneon 27 april
Foar kommende sneon stiet der wer in útgebreid ynhelprogramma op it programma. Wy ferwachtsje op SDS 5 nei alle SDS’ers sneon op it sportpark yn Easterein. De measten om te fuotbaljen en de rest om alle teams oan te moedigjen. Dit kin noch wolris in hiele noflike dei wurde. Sjoch hjir alfêst foar it programma.

SDS League
Mei wat gelok stiet de nijste stân fan de SDS League hjir jûn op de webside.

Drs. Vijfje kampioen
Freek Tichelman is mei de sealfuotballers fan Drs. Vijfje kampioen wurden yn de Topklasse F. Sy wûnen freed mei 6-3 fan REUZ. Hjir ferlearen sy wyks dêrfoar noch de bekerfinale fan. Drs. Vijfje promofeard no nei de Earste Divisie. Sjoch hjir foar it ferslach fan de kampioenswedstryd.

Dooitze hâldt de harsens der goed by
SDS kin de kroade(sjoch weppers fan juster) noch efkes yn it hok stean litte, want Dooitze tinkt net dat hy him sneon nedich hat:
“at it moat kin ik nog wol de salto as koprol meitsje at ik wer út it fjild kom”
Wy sille it sneon sjen en binne hiel benijd!

SCC
Moarn sille der wer hiel wat SDS’ers nei SC Heerenveen fansels, mar der sille fêst ek in stik of wat efkes yn Ljouwert sjen by SC Cambuur – Emmen. It like der ôfrûne moandei al op dat sy kampioen waarden yn Ljouwert.

Harsens derby(1013)
Hjoed gjin “toet toet”, mar Touhtouh!