Weppers woansdei 24-10-2018

SDS-League: ‘Better Call Thorsby’ pakt wykpriis!
23 oktober 2018
Meinte Sixma-toernoai 2018
25 oktober 2018

Meinte Sixma-toernooi

Fannemiddei op de Skoalleseize it Meinte Sixmatoernooi foar de jeugd. It begjint om 13.30 oere en de priisútrikking is earne tusken 5 en 6 oere.
Het toernooi is foar allefuotballers fan de MO13, JO13, JO12, JO11, JO10, JO9, JO8, oftewel de D, E en F-pupillen en de Mini-League’ers, dy’t harren opjûn hawwe.

Fansels altyd de muoite wurdich om efkes te sjen.

SDS JO15-1

Op it programma stie jûn de útstelde wedstriid fan SDS JO 15-1 tsjin Beetgum JO15-1. It is foar SDS in utwedstriid en waard mei 0-8 wûn.

De alderearste Treffers

Wij hawwe in flink archyf mei Treffers, mar helaas net kompleet. Dit is it tredde eksimplaar (1971) en wij misse nû 1 en 2. Soe der noch immen earne op souder, yn de kelder, yn de kluis of yn in âld sok dy earste eksimplaren hawwe. Wij heare it graach!

Tzum yn Tsjom

Yn it Frysk Deiblêd fan juster in moai artikel oer de fuotbalklup yn Tsjom. Noch ien seniorenalvetal  oer….sjoch hjir.

Harsens derby (2065)

Hooplik is de man goed fersekere…….