SDS-League: ‘Better Call Thorsby’ pakt wykpriis!

Weppers moandei 22-10
22 oktober 2018
Weppers woansdei 24-10-2018
24 oktober 2018

It is dizze wike ‘Better Call Thorsby’ fan Pieter Wesselius dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat 62 punten en dat is krekt ien mear as Jildert van der Werf mei ‘Skopploech read’! Pieter docht lyk in aardige haal yn de stân fan de SDS-League en giet fan 7 nei 2. Ferline edysje pakte Pieter ek al in wykpriis. Doe mei ‘FC Legend’.

‘FC FRickandel’ fan Rick Hendriks giet noch altiten oan de lieding yn de SDS-League. Hy stiet 6 punten foar op Pieter Wesselius en 7 punten op ‘FC Wiebelich’ fan Wiebe Heeres.

Hielendal net ferrassend is it dat ‘FC Altijd Laatst’ fan Anne-Jan Hallema en ‘It is mar in spultsje’ fan Aant Hofstra ûnderyn de stân te finen binne al hâlde sy ‘Moai STom’ fan Stijn Schildkamp en Tom Wijnia noch altiten ûnder harren. Dêrneist bliuwt de reade lantearn yn hannen fan Pytrik en Marit Kuperus mei ‘P(r)ima’, al komme sy al 6 punten tichterby ‘Moai STom’.

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 5