Weppers woansdei 24-1

Weppers moandei 22-1-2018
22 januari 2018
Weppers tongersdei 25-1-2018
25 januari 2018

SDS Vr.1 winne fan sc Franeker VR.1

SDS Vr.1 hat moandei de oefenwedstryd tsjin sc Franeker VR.1 yn Frjentsjer mei 3-2 wûn. Kommende sneon mei SDS Vr.1 ek wer los yn de kompetysje. Sy spylje om 14.30 oere thús tsjin QVC Vr.1.

SDS 1 ûnderút tsjin Scharnegoutum

Dat de wyn justerjûn in grutte rol spile bij de oefenwedstriid wie dúdlik. Allinne de foardewynse ploegen skoarden. Yn de earste helte wie it SDS dat op 2-0 kaam en krekt nei it skoft wie it Scharnegoutum dat gelyk gebrûk makke fan dy hurde wyn. Binnen 10 minuten stie it 2-2. Beide kearen kaam de foarset fan de linkerkant.

It wie dreech foar SDS om der tsjin dy wyn út te kommen, kânsen wiene der amper, mar se holden stân. Oant 5 minuten foar tiid. Earst wie it in foarset (wer fan links) dy’t troch in eigen spiler fan SDS ynkopt waard en fuort dêrnei in selde sitewaasje mei in kopbal fan in Scharnegoutum spiler. 2-4 de einstân.

De Wâlde ûnderút tsjin Delfstrahuizen

SDS 1 moat kommende sneon foar it earst wer los yn de kompetysje. Sy moatte dan út nei De Wâlde. De Wâlde hat justerjûn in oefenwedstryd fan 4e-Klasser Delfstrahuizen mei 3-1 ferlern. De Wâlde stie mei de rêst noch mei 1-0 foar. Soenen sy ek lêst hân hawwe fan de wyn?

Seal

SDS 1 seal komt jûn wer yn aksje. Om 21.00 oere yn de meast eastlike sporthal fan Súdwest Fryslân, (sjoen fanút Wommels ). De tsjinstanners komme út Hearrenfean.

Keepersdei 2018

Op sneon 28 april is der wer in SDS-keepersdei. It rekket al aardich fol. Der binne noch sa ’n 6 plakjes. Jou je hjir dus gau op.

Ut eardere tiden

2010-2011, in seizoen dat der ek in C2 wie.  Kreas op de foto, mar wa sjogge wij noch wolris op it fjild.

Harsens derby (1974)

Hy sil jierren it stadion net wer yn komme, mar hat lokkich noch wol wat te smoken……..