Weppers tongersdei 25-1-2018

Weppers woansdei 24-1
24 januari 2018
Weppers freed 26-1-2018
26 januari 2018

SDS seal

De sealjonges hawwe justerjûn ferlern mei 2-5 fan Futsal Heerenveen. Under it each fan de fêste supporters Pieter de Vries, Wouter Appelboom, Dirk Stegenga en Tjeerd de Vries wienen de Feansters futsallers better en kamen de earste helte mei 2-0 foar. Doe ’t it yn de twadde helte 3-0 waard like de wedstryd spile, mar SDS kaam dochs werom oant 3-2. Nei de 4-2 en 5-2 wie it dien. Opfallend wie it dat de Snitser Pieter de Vries fan SDS topskoarder fan it duel waard mei 3 goals. Ien foar SDS……….en twa foar Futsal Heerenveen…..

Kantine iepen

Der wurdt wer folop traind by de senioaren, dus de kantine is jûn ek wer iepen. Pieter Kamstra swaait jûn de scepter!

De Wâlde 1 – SDS 1

Kommende sneon om 14.30 oere yn Kolderwolde/Ealahuzen  de wedstriid de Wâlde 1 – SDS 1. De ploegen hawwe foar it lêst yn 2014 tsjinoerlkoar stien. Dêrfoar hiel lang net. Sjoch hjir wa’t yn 1989 skoarde…..

Omdraaid

De wedstriid WPB 1 – DWP 1 yn deselde tredde klasse as SDS 1 wurdt fanwege it minne fjild yn Snits spile yn Sint Jansgea op it keunstgersfjild……

SDS Vr 1 wer los

Sneon stiet er foar SDS VR1 ek al wer in kompetysjewedstriid op it programma. De froulju út Starum (fansels wer mei harren lûdsboks mei seefrouslieten) komme op besite. It begjint 14.30 oere.

SDS-League

Noch in wike en dan kinne jim wer los mei it ynfullen fan de nije SDS-Leagues. Noch efkes de lêste transfers ôfwachtsje.