Weppers moandei 22-1-2018

Sneon 20-1-2018
20 januari 2018
Weppers woansdei 24-1
24 januari 2018

Goals opromje!

Graach nei eltse training de goals fan it keunstfjid helje en opromje by it ‘keatshok’ wêr ’t ek de oare goals stean. Dus net oer it hek sjouwe! Hjirtroch beskadigt it stek. De goals moatte fan it fjild ôf om ’t de fjildploech sa harren ûnderhâld oan it keunstgersfjild goed dwaan kinne.

Sa moat it dus net………….

SDS 1

Tiisdeitejûn om 20.15 oere oefent SDS 1 thús tsjin Scharnegoutum, de ploech fan trainer Remco Bervoets  en âld SDS spiler Wytze Lanting.

De wedstriid stiet ûnder lieding fan de hear Vogelzang, KNVB skiedsrjochter.

De kantine is net iepen, mar der wurdt al sjoen dat der in bakje kofje setten wurde kin foar lju dy ’t der binne.

SDS 1 seal

De jongemannen fan de seal (en Johan Heerma) spylje woansdeitejûn thús tsjin Futsal Heerenveen 1. De wedstriid begjin om 21.00 oere.

SDS 1 sneon wer los

Kommende sneon mei SDS 1 wer losyn de kompetysje. De punten moatte helle wurde tsjin koprinner de Wâlde.

SDS 3 en 4 tongersdei wer los

SDS 3 en 4 sille tongersdei om 20.15 oere foar it earst wer traine yn it nije jier.

Oefenwedstriden

Kommende sneon binne der foar thúswedstriidbliuwers wer tal fan oefenwedstriden (at it gjin winter is)

Ut it foto-archyf

De foto fan de E1 út 2008-2009 pronket hjoed op de wepside. Wij sjogge meardere spilers dy’t sneon yn it fjild stiene bij SDS 1.  Kinne jim se noch herkenne?