Weppers woansdei 22-8

Weppers tiisdei 21-8
21 augustus 2012
Oanmeldingen klinnik en golffuotbal
22 augustus 2012

5-klapper
Jelmer Posthumus wie justerjûn yn Aldehaske op dreef. Hij skoarde 5 kear yn de beker wedstriid. SDS wûn mei 1-5.

SDS 2 – Hardegarijp 2  6-1
SDS 2 herstelde him aardich fan it ferlies fan sneon. Koart der op en de kânsen dy’t kamen troch in soad romte efter de ferdigening fan Hardegarijp soargen der foar dat der 6 kear skoard wurde koe.
It wie Sytse Hibma mei in droege skower, it wie Robert út in frije traap, in wie Robert allinne op de doelman ôf, it wie Ayanle dy’t dat ek twa kear die en it wie Anne dy’t in strafskop benutte.

Read
Yn de 89 ste minút krige SDS 2 in strafskop. De doelman fan Hardegarijp wie it der net mei iens en sei hiel fatsoenlik tsjin de skeids: “Oars moatte jo ek in wyt sjurtsje oan dwaan”. Dit grapke foel ferkeard en read wie it antwurd.
Ferbazing en ferbjustering bij de doelman dy’t him doe net hielendal mear ynhâlde koe: “Sukkel” of wurden fan dy strekking. Foar de skeids hast reden om de wedstriid te staken, ek omdat de doelman net nei de boks gean woe. Gelokkich kaam it ferstân bij elkenien krekt op tiid sadat de strafskop nommen wurde koe en de skeids gewoan ôffluite koe.

Traine
Vandaag start training meisjes MC1 19.00-20.00 uur olv. Paul. Daarna iedere maandag en woensdag zelfde tijd, zelfde trainer.
Jacomien

Efkes Balje
Freed 31 augustus om 19.30 oere begjint it efkes baljen wer. Sij pakke de tried wer op yn Easterein. Efkes Balje is bedoeld foar leafhawwers bij SDS dy’t sneons net aktyf binne en dochs noch graach efkes balje wolle. Wij stribje nei in fêst oantal fan 14 man. Wa doart noch mear?

C1 trainde yn Wommels

Perfekte omstannichheden moandeitejûn yn Wommels. In strak fjild, in lekker sintsje en in gretige ploech.

Opjaan
Noch twa dagen hawwe jim om jim op te jaan foar de klinnik en it fuotbalgolf. Sjoch foarside of bij weppers tiisdei. 

Begjinne
Moarntejûn om 19.00 oere begjinne SDS 4 en SDS 5 mei de training. Harm Abma hat der wer sin oan.

Froulju 1
Vanaf volgende week (27-08 t/m 31-08-2012) starten we met de trainingen voor Dames/Vrouwen 1.
Er wordt getraind op: maandags om 20:00 uur door Eeltje Postma en Bram van Beem en woensdags om 20:00 uur door Bote Strikwerda

Ervan uitgaande dat de selectie bekend is wordt een ieder verwacht.
Mocht je niet kunnen dan graag even een afbericht bij ondergetekenden.

Met sportieve groet,

Eeltje Postma 06-10927368
Bram van Beem
Bote Strikwerda 06-14982820