Weppers woansdei 22-4

Weppers tiisdei 21-4
20 april 2015
Weppers tongersdei 23-4
22 april 2015

Skoallefuotbaltoernoai
Fannemiddei om 13.00 oere begjint it skoallefuotbaltoernoai foar basisskoallen út Littenseradiel op de fjilden fan de Skoalleseize. It is sawol foar jongens as foar famkes. Wy nimme oan dat alle pakes en beppes, omkes en tantes, heiten en memmen en buorlju en freonen en wa ek mar fannemiddei efkes del komme yn Easterein.

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 30 april!
Kommende sneon is Douwe-Dirk moarns (fan 10.00-11.00 oere) ek wer op de Skoalleseize om boekjes en jild yn te nimmen. Middeis is Willem Wijnia der wol.

Lottenboekjes en jild ynleverje
Mar leafst 10 lju leveren juster harren ferkochte lottenboekjes en sa yn. De âldste wie Harm Stremler fan SDS 1 en de jongste wie Bram Veenje fan F3.

Measte lotten ferkocht (1)
Fan alle teams hawwe noch altiten de spilers fan SDS 1 de measte lotten ferkocht. Al 7 spilers hawwe harren lottenboekjes en jild ynlevere.

Measte lotten ferkocht (2)
Fan alle families hat de familie Hiemstra oan ’t no ta de measte lotten ferkocht. Wienen der earst Marrit en Niels, doe kaam Jens en juster ek noch Evelien en Tristan. Dat binne al 5 Hiemstra’s wêr fan 4 famylje fan elkoar binne.

Jûn SDS 2 – Heerenveense Boys 2 om 19.00 oere 
SDS 2 spilet jûn om 19.00 oere thús tsjin Heerenveense Boys 2. De SDS’ers wurde om 18.00 yn de boks ferwachte. De kantine is aardich fol en dêrom mar tige beperkt beskikber. De seleksje fan SDS 2 foar jûn sjocht der op papier sa út:
Permalink voor ingesloten afbeelding
Yn it echt falt Jentsje ôf en komt Robert Sybesma derby.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 spylje jûn om 20.00 oere thús tsjin SC Bolsward 3.

SDS 1 – Waterpoort Boys 1
Op de webside fan Waterpoort Boys sjogge sy alfêst foarút nei de wedstryd fan kommende sneon tusken in “taai SDS 1” en Waterpoort Boys 1 (klik
hjir).
De bus út Snits komt sneon om 13.00 oere dizze kant op:
Foto

Alderaardichst
David Luiz hat der juster alles oan dien om gjin panna te krijen fan Suarez.
Afbeelding weergeven op Twitter

Harsens derby (1485)
Hy wiist noch efkes nei rjochts, mar …………..