Weppers tiisdei 21-4

Weppers moandei 20-4
19 april 2015
Weppers woansdei 22-4
22 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach foar 30 april!

Lottenboekjes en jild ynleverje
It soe moai wêze as de measte SDS’ers dy ’t harren lotten ferkocht hawwe dizze wike it jild en it lottenboekje ynleverje dan kinne wy nije wike miskien in earste tuskenstân jaan.


SDS Vr1 wint
Al wer in oerwinning foar SDS Vr1. In formidabele omhaal fan Amarins en trije doelpunten fan Tjitske soargen foar de 4 doelpunten fan SDS. Dronrijp Vr2 skoarde trije kear. Einstân 3-4.

SDS B1 – SC Bolsward B1
Jûn om 19.00 oere spilet SDS B1 thús om 19.00 oere thús tsjin SC Bolsward B1. De muoite wurdich om efkes te sjen tinke wy.

Woansdei SDS 2 – Heernveense Boys 2 om 19.00
SDS 2 spilet moarntejûn om 19.00 oere thús tsjin Heerenveense Boys 2. De SDS’ers wurde om 18.00 yn de boks ferwachte. De kantine is aardich fol en dêrom mar tige beperkt beskikber. De seleksje foar moarn sjocht der op papier sa út:
Permalink voor ingesloten afbeelding
Yn it echt falt Jentsje ôf en komt Robert Sybesma derby.

Sneon SDS 1 – WPB 1 mei muzyk?
Kommende sneon spilet SDS 1 om 14.30 oere de derby thús tsjin Waterpoort Boys 1. It is de bedoeling dat der nei de wedstryd in stikje muzyk spyljen komt.

Topskoarster
It sil jim gjin nij dwaan dat Tjitske Heeres troch har trije doelpunten fan juster noch fierder útrûn is. Se is sels de magyske 30 doelpunten al foarbij. Sjoch hjir.

Net kompleet
De doelpuntenmakkerslist is net kompleet sa’t sjen kinne.  Hjir en dêr stiet in klupnamme omdat wij de doelpuntenmakkers net troch krije.

SDS 1
It is de klasse fan SDS1 noch altyd spannend. Boppe is der ien kampioen (miskien wol Nijland)  en sille trije klups yn in neikompetysje besykje omheech te kommen. De earste periode wie foar Nijland, de twadde foar Warkum en de tredde is noch folop dwaande mei kansen foar sc Joure, Nok, WPB en DWP.
Underoan binne no al twa ploegen streekrjocht degradeard (sc Bolsward en Bant) en komme der ek noch twa yn in neikompetysje. Op dit stuit binne dat de twa oare polderploegen SVM en Tonego mar tal fan oare klups wêrûnder WPB en sc Joure binne noch net feilich.

SDS 1
SDS1 liket yn alle gefallen dit seizoen de kampioen fan de gelikense spullen te wurden. Mar leafst 10 kear waard er ien punt helle yn in duel.

Harsens derby (1484)
Ho!