Weppers tongersdei 23-4

Weppers woansdei 22-4
22 april 2015
SDS League: Sjoerd wint "proefrit"!
23 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Kommende sneon is Douwe-Dirk moarns (fan 10.00-11.00 oere) ek wer op de Skoalleseize om boekjes en jild yn te nimmen. Middeis is Willem Wijnia der wol.

Per 20!
Ek dizze wike wurde der wer in soad lege lottenboekjes per 20 ynlevere. Sa kaam Jacob-Klaas syn boekje bringen tegeare mei dy fan syn broer Erik, mar de grutste komplimenten geane hjoed nei de broers Bartele (F1) en Tsjalling Bouma (F3) dy ’t al harren 20 lotten ek al ferkocht hienen.

SDS B1
Tiisdeitejûn wie der ek in wedstriid op it sportpark yn Easterein. SDS B1 spile knap 1-1 tsjin koprinner sc Bolsward B1.

SDS 2
SDS 2 gie juster thús mei 4-0 ûnderút tsjin titelkandidaat Heerenveense Boys 2. SDS 2 hie net folle yn de molke te brokkeljen, mar it bleaun noch lang 0-0. Krekt foar de rêst waard it dan dochs 0-1. Doe ’t it nei de rêst ek 0-2 waard koenen de taskôgers út Frjentsjer fan meititelkandidaat SC Franeker 2 nei hûs, want doe wie der net folle ear mear te beheljen foar SDS. Mei tank oan Sjoerd van Beem bleaun de skea “beperkt” tot 0-4.

Jelte-Pieter
Tseard Dijkstra kaam ek noch efkes by de wedstryd sjen fan SDS 2, mar wie net per sé froar SDS. “Ik bin altiten foar de beste ploech”, sei der. Dat dit ferfolgens Heerenveense Boys wie makke him dan ek net út, want hjir spilet syn soan Jelte-Pieter by nei jierren by SDS 2 fuotballe te hawwen.

Lourens
Lourens van der Pol foel juster ek al wer yn bij SDS 2. Syn earder opleine skoarsing fan 7 is werombrocht nei 3 wedstriden en dy sitte der al op.

Skoallefuotbal
Juster wie der it skoalletoernoai fan Littenseradiel yn Easterein. By de jongens wûnen de mannen fan Fúnemint 1 en wy tinke oan de foto te sjen dat de famkes fan de Foareker út Easterein it wûn hawwe. Sy hawwe yn elts gefal in protte wille hân oan de foto te sjen.


De kantine is jûn iepen
SDS 1,4,5 en de A’s traine jûn allegear yn Easterein en Pieter Kamstra hat bartsjinst yn de kantine. De nijste stân fan de SDS-League leit der om 20.30 oere en Pieter sil fêst in noflik stikje muzyk draaie. Kom allegear!

Sneon SDS 1 – WPB 1 mei muzyk?
Kommende sneon spilet SDS 1 om 14.30 oere de derby thús tsjin Waterpoort Boys 1. Hoe ’t it mei de muzyk komt bliuwt in ferrassing!

Help
In needgjalp fanút de Skoalleseize. Sjoch hjir:


Harsens derby (1486)
“Wat no hands?”