Weppers woansdei 22-4

Weppers tiisdei 20-4
19 april 2010
SDS League: Erik pakt kopposysje!
21 april 2010

Net guenstich
Juster wienen der twa ynhelwedstriden yn de 2e Klasse I. Leeuwarder Zwaluwen 1 wûn mei 2-1 fan Heerenveense Boys 1 en kin harren opmeitsje foar it kampioenskip.
VV Nijland 1 wûn thús mei 2-0 fan Broekster Boys 1. Dit betekent dat SDS 1 wer ûnderoan stiet mei 1 punt minder as VV Nijland en 3 minder as BCV. SDS 1 moat sneon thús tsjin BCV 1. VV Nijland 1 moat út tsjin Trynwâlden VC 1.

SDS DA2 ûnderút
SDS DA2 hat justerjûn thús mei 3-0 ferlern fan Hardegarijp DA2.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn?
De sealfuotballers fan SDS 1 soenen kommende freed foar de lêste kompetysjewedtryd nei Ljouwert moatte om tsjin Futsal Cambuur 2 te sealfuotbaljen. Spitich genôch hat SDS 1 dan mar 2 spilers en wurdt dat dus neat. De wedstryd soe fersteld wurde kinne nei jûn, mar dan hat Futsal Cambuur net genôch. Wy binne benijd wannear ’t de wedstryd no fuotballe wurdt.
SDS 2 is dizze wike frij.

SDS League
Sa ’t it no stiet komt hjir jûn de nije stân fan de SDS League te stean.

Foeilelijke sjurts (29)
It is net om ’t Barcelona juster ferlern hat, mar om ’t Boudewijn Kramer ús dit lelijke sjurt maild hat. En terjochte!
click to zoom
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (198)
Anco Bervoets fan SDS F4 woe graach cheerleaders kommende sneon by harren thúswedstryd tsjin Oudega/HJSC F3. Wy tinke allinnich dat as de cheerleaders de skotkracht fan Gerhard Hiemstra fan F4 kinne sy leaver thúsbliuwe………