Weppers tiisdei 20-4

Weppers moandei 19-4
18 april 2010
Weppers woansdei 22-4
20 april 2010

Gjin trainen SDS 3
Sa as de measten wol witte hat it tredde jûn gjin trainen. Tongersdei wurdt elkenien wer om 19.00 oere ferwachte op it fjild.
Groeten Jeroen en Jan


SDS D4M hat oefene
Hjuster hawwe de famkes in oefenpot spile tsjin en yn Scharnegoutum. Se kamen efter te stean mei 0-1 mar flak foar de rest makke Jitske de lykmakker. Nei de rest gie it lyk op al hie SDS neffens my mear kansen. Tsjin de ferhaldings yn waard it 1-2 mar Sanne Rixt kaam fanut de ferdiediging hielendal nei foarren en makke de stan wer lyk, 2-2. Neidat Jitske de 3-2 makke wie de wedstriid spile ! Op nei de folgende wedstriid !!!!!
Feike


SDS Da2 – Hardegarijp Da2
Jûn om 18.30 oere op sportpark” de Skoalleseize”. Kom gerêst efkes sjen.

SDS 5 – Ouwsyl 3
Woansdeitejûn begjint SDS 5 oan de earste midwykse wedstriid. Ouwesyl komt fan út it Bildt nei Easterein. Sij hoopje krekt as de SDS-ers om 19.00  klear te stean foar it begjinsinjaal fan skiedsrjochter Jelle de Boer.

SDS B1- YVC B1
Ek dizze wedstriid is op woansdei yn Easterein. Omdat de jeugd iets earder op bêd moat, begjint dizze wedstriid om 18.30 oere.

Joure E4- SDS E1
E1 reizget op woansdei nei de Jouwer. Sij hawwe ôfrûne sneon net balle.

SDS 2 sil te faren

P.s. Marten giet ek mei fansels.

Skiedsrjochters en sa socht
Woensdag  28 april a.s  word weer het jaarlijkse schoolvoetbal gehouden,begint om 14:00 en eindigd om 18:00 .we zijn nog op zoek naar scheidsrechters die willen fluiten. Ook zijn vrijwilligers nodig om hand en spant diensten te doen.
Neem contact op met Janbouke Bouma.
bouke.bouma@home.nl  
groeten Jan Bouke


Foeilelijke sjurts (28)
Hjir hat ien ferskriklijk mei de ketchup griemt………

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (197)
Yn België waard Anderlecht it ôfrûne wykein kampioen. Tidens it Belgyske journaal giet ien fan de sportredaksje  kompleet út har dak(sjoch rjochtsboppe):